Everwinus Wassenbergh: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kopke
Vysotsky (oerlis | bydragen)
ofbyld
Rigel 1:
[[Ofbyld:WassenberghEverwinusWassenberghWBvanderKooi.gifjpg|thumb|''Everwinus Wassenbergh'' <br>(Koll. [[Museum Martena]])]]
'''Everwinus Wassenbergh''' ([[Lekkum]], [[25 septimber]] [[1742]]- [[Lekkum]], [[3 desimber]] [[1826]]) wie professor yn [[Frjentsjer]]. Hy joech [[Gryksk]] oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en dosearre fan 1797 ôf ek [[Nederlânsk]] oan dizze [[universiteit]]. (Hy fûn nammentlik dat de ''beschaafde kennis onser moederspraake'' ûnder de studenten te winskjen oerliet.) Hy hat him wol ynsetten foar it [[Frysk]]. Hy stiet bekend as de man fan de Wassenberghse Renêssânse. Yn 1774 kaam syn ''Verhandeling over de eigennamen der Friesen: met ses bijlagen daar toe betrekkelijk en eene toelage van friesche spreekwoorden'' út. Der is in hânskrift fan Wassenbergh mei de titel ''Bijdrage tot een Idioticon Frisicum, of verzameling van woorden en spreekwijzen, den Friezen in het bijzonder eigen'' (± 1780). In soad fan syn taalkundich wurk stamt út de tiid dat er yn Frjentsjer tahâlde. Yn syn ''Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I'', út [[1802]], publisearre er foar it earst in hiel haadstik út it [[Nije Testamint]] (''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' 6) yn it Frysk (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it [[Hylpersk]] besibbe en letter útstoarne [[dialekt]] fan [[Molkwar]]).