Bagauden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
'''Bagauden''' wie de beneaming foar kloften opstannige boeren yn it [[Romeinske Ryk]], dy't ûnder de "Krisis fan de [[3e ieuiuw]]", benammen yn [[Galje]] it plattelân ûnfeilich makken. De namme betsjutte nei alle gedachten "fjochters".
 
It begjin fan de Bagauden moat socht wurde yn boeren en stêdsminsken dy't as gefolch fan oanhâldende plondertochten troch [[Germanen|Germaanske]] stammen alles kwyt rekke wienen. Sy foarmen sels wapene kloften om har te beskermjen mar foarseagen har fan libbensûnderhâld likegoed troch te roven en plonderjen.
Rigel 5:
Nei't in ein kommen wie oan de Germaanske ynfallen waard it leger ynset tsjin de Bagauden. Tusken [[284]] en [[286]] waarden sy ferneatige troch de Caesars [[Maksimianus]] en [[Karausius]], yn opdracht fan keizer [[Diokletianus]]. De lieders fan de Bagauden wienen Amandus en Aelianus.
 
De beneaming "Bagauden" kearde werom oan de begjin fan de [[5e ieuiuw]], doe't Bagauden parten fan Galje en de [[Ebro]]fallei yn Spanje ûnder kontrôle hienen. Generaal [[Flavius Aetius|Aetius]] brocht it leger tsjin har yn. Mei de ynienstoarting fan it [[West-Romeinske Ryk]] en opkomst fan de Germaanske keninkriken ferdwûn de beneaming Bagauden út de skiednis.
 
[[Kategory: Romeinske Aldheid]]