Aberdeen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 24:
'''Aberdeen''' (''[[Skotsk-Gaelysk]]: Obar Dheathain'') is in stêd yn Noardeast-Skotlân, yn [[Aberdeenshire]]. It is nei ynwennertal de tredde stêd fan [[Skotlân]]. Aberdeen leit oan de [[Noardsee]] by de mûningen fan de rivieren [[Dee]] en [[Don (Skotlân)|Don]].
 
De twa universiteiten, de [[universiteit fan Aberdeen|University of Aberdeen]], oprjochte yn [[1495]], en de [[Robert Gorden University]] (RGU), dy't earst yn [[1992]] universiteitsstatus krige, meitsje fan Aberdeen de studintestêd fan it noarden. De stêd wie al yn de [[12e ieuiuw]] fan belang.
 
De tradysjonele papier-, skip- en tekstylyndustryen, ûnstien yn de tiid fan de [[Yndustriële Revolúsje]], binne de lêste jierren foarbystribbe troch de oaljeyndustry en de seehaven. Itselde jildt foar de fiskyndustry. It heliport fan Aberdeen is ien fan de drokste kommersjele heliports yn de wrâld, en de seehaven is de grutste fan Noardeast-Skotlân.