Anna (hillige): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
De '''[[Hillich|Hillige]] (Mem) Anna''' of '''Sint Anna''' is neffens de [[kristendom|kristlike tradysje]] de mem fan de [[Marije (mem fan Jezus)|Hillige Faam Marije]]. Se wurdt fereare yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke|Eastersk kristendom]], [[Anglikaanske Tsjerke]] en de [[Luteranisme|Luterske Tsjerke]]. Har feest wurdt fierd op, [[26 july]]. [[Sint Anne]] is nei har neamd.
 
Yn de twadde ieuiuw fan ús jiertelling wurdt de ''Berte fan Marije'' skreaun, in Grykske tekst, dy't de grûnslach foarmet fan de oerlevering. De tekst waard letter bekend as it ''[[Proto-evangeelje fan Jakobus]]''.
 
Anna en har man [[Joachim (kristendom)|Joachim]] wienen (neffens de oerlevering) troud, begoedige, mar hiene gjin bern. Se libben folslein neffens de Wet fan God. Dochs wurdt it offer fan Joachim yn de timpel wegere, omdat hy gjin bern hat. Joachim flechtet mei syn kudde de woastyn yn. Anna mient dat hy dea is en docht har beklach by God en freget om in bern. Har gebed wurdt ferheard. Tagelyk krijt Joachim fan in ingel te hearren, dat syn frou swier is. Hy giet werom mei syn kudde en moetet syn frou by de Gouden Poarte yn Jeruzalem en jout har in tút. Anna krijt in famke: Marije. De âlden wije it bern oan God en bringe Marije, as se trije jier âld is, nei in timpel. Dêr wurdt se grutbrocht troch ingelen.
Rigel 10:
De ûnbekende skriuwer fan de ''Berte fan Marije'' neamt himsels Jakobus, in soan út it earste houlik fan Jozef. Hy docht it foarkommen oft er tsjûge wie fan de berte fan Jezus. De skriuwer linet yn syn ferhaal tige op grutte bibelske figueren as Sara en Abraham, Hanna en Elkana, en wurket de ferhalen oer de berte fan Jezus út de evangeeljes fan Matteüs en Lukas fierder út.
 
Sa ûntstiet in nij ferhaal, dat grutte ynfloed hân hat op de folksdevoasje en troch dizze omwei ek op it teologysk tinken oer Marije. Yn letter ieuweniuwen is de leginde fierder útwreide. Net allinnich Jozef, mar ek Marije stammet ôf fan kening David: sawol fan heites as fan memmes kant is Jezus fan keninklike bloede. Dat is yn letter tiden (ikonografysk) útbylde yn de [[beam fan Jesse]]. Yn de [[13e ieuiuw]] komt it ferhaal op fan de trije houliken fan Anna. Se waard twarres widdo, wertroude alle kearen en krige út elk houlik in dochter. Sa ûntstie de famylje fan Anna, dy't it [[Sibskip|faamskip]] neamd wurdt.
 
De ferearing fan Anna begjint yn de fiifde/seisde ieuiuw yn it Midden-Easten en komt al gau nei it Westen (Feneesje en Rome). Se berikt har hichtepunt yn de 15e en 16e ieuiuw. Yn dy tiid ûntstiet in tige spesjale ôfbylding [[Anna trijerisom]]: Anna mei Marije en Jezus. Yn de fyftjinde ieuiuw wurdt se benammen útbylde as frou dy't op har earm in famke (Marije) draacht, dy't in lyts bern (Jezus) fêsthâldt. Om 1600 sitte Marije en Anna faak op in bank, wylst Jezus as lyts bern tusken harren yn stiet. Anna hat dan fakentiden in boek of frucht yn har hân en stiet faak by in poarte.
 
In soad fan dizze bylden binne te finen yn musea, mar ek yn tsjerken en kapellen.
Rigel 22:
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{aut| E. Amann}}, Le Protévangile de Jacques et Ses Remaniements Latins. Introduction, Textes, Traduction et Commentaire, Parys, 1910.
* {{aut|T. Brandenbarg}}, Heilig Familieleven. Fersprieding en wurdearring fan de histoarje fan Sint-Anna yn de steedlike kultuer yn de Nederlannen en it Rynlân oan it begjin fan de moderne tiid (15e/16e ieuiuw), Nymwegen, 1990.
* {{aut|A. Dörfler-Dierken}}, Die Verehrung der heiligen Anna in Spätmittelalter und früher Neuzeit. Göttingen, 1992.
* {{aut|E.J. Erpelinck}}, Anna in België. Alfabetisch Repertorium van Vindplaatsen in Kerken en Kapellen in België, Sas van Gent, 2006.