Fêreu-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
omstav.
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
(omstav.)
De '''Fêreu-eilannen''' ([[Fêreusk]]: ''Føroyar'' {{IPA|ˈfœɹjaɹ}}; [[Deensk]]: ''Færøer'' {{IPA|ˈfɛːʀøʔəʀ}}) binne in [[eilân|eilannegroep]] yn 'e noardlike [[Atlantyske Oseaan]], tusken [[Skotlân]], [[Noarwegen]] en [[Yslân]] yn. De eilannen foarmje in autonoom lân ûnder de [[Denemark|Deenske Kroan]], wat sizze wol dat se folslein selsbestjoerend binne, útsein op 'e mêden fan definsje en bûtenlânske saken, dy't noch altiten ûnder it foech fan it regear fan it memmelân [[Denemark]] falle. (It is in identike relaasje as dy't [[Nederlân]] hat mei [[Arûba]], [[Kurasao]] en [[Sint-Marten]].) Der wenje krapoan 50.000 minsken (2013) op 'e Fêreu-eilannen, en de haadstêd is [[Tórshavn]] (Deensk: Thorshavn). It [[Fêreusk]], de nasjonale taal, is nauwer besibbe oan it [[Yslânsk]] en de [[Noarwegen|Westnoarske]] [[dialekt]]en as oan it Deensk.
 
De Fêreu-eilannen waarden fan 'e [[njoggende ieuiuw]] ôf fal út [[Noarwegen]] wei [[kolonisaasje|kolonisearre]]. Yn 'e [[alfde ieuiuw]] kamen de eilannen oan 'e Noarske kening. Doe't Noarwegen letter sels yn Deenske hannen foel, kamen de Fêreu-eilannen ek ûnder Deensk bestjoer. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen yn [[1815]] by [[Sweden]] kaam te hearren en yn [[1905]] selstannich waard. Yn [[1948]] krigen de Fêreu-eilannen selsbestjoer. Hja hawwe der foar keazen om bûten de [[Jeropeeske Uny]] te bliuwen.
 
Der binne seekaarten út de [[sechstjinde ieuiuw|sechstjinde]] en [[santjinde ieuiuw]] mei de Fêreu-eilannen as ien grut eilân mei de namme ''[[Frislân]]'', men hat noch gjin ferbân lizze kind mei de namme "Fryslân".
 
== Geografy ==
17.653

bewurkings