Haulsterbosken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
De '''Haulsterbosken''' lizze noardeast fan [[Haskerhoarne]] en bewesten [[De Jouwer]]. De offisjele namme is D.E.-bosken, oftewol [[Douwe Egberts]]bosken.
 
De bosken yn dy kontreien wienen eartiids aadlik besit. Lykwols binne de measte beammen yn de jierren '20 en '30 fan de tweintichste ieuiuw set, mar guon stobben binne gâns âlder. It binne oerbliuwsels fan ikeboskjes dy't foar hakhout brûkt waarden. Troch de Haulsterbosken rinne wannel- ruterpaadsjes en skulpedaasjes foar fytsers lâns it [[Nannewiid]] en de troch de Haulster Bosk.
 
De bosk wurdt ek wol de 'lúsjefersbosk' neamd. De bosken binne ein jierren '40 útwreide troch [[Douwe Egberts]]. Dat Jouster fabryk makke destiids (en no noch altyd) [[tabak]]. De direksje fan it bedriuw wie der fan oertsjûge dat minsken dy't tabak smookten ek lúsjefers nedich hienen en besleaten in bosk oan te plantsjen sadat se oer inkele jierren sels [[lúsjefers]] produsearje koenen.