Hindrik de Fûgelder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 4:
Hy wie de soan fan hartoch [[Otto de Ferljochte]] fan Saksen en [[Hedwig fan Babenberch]] en wie in pakesizzer fan Liudolf. Yn [[919]] waard er yn [[Fritzlar]] troch de Frankyske en Saksyske oanfierders as kening fan de Eastfranken keazen. Ien fan syn wichtichste taken wie de ferdigening fan it ryk tsjin de hieltyd wer oanfallende Magyaren (Hongaren). Dy fersloech er earst beskiedend yn [[933]] by de [[Unstrut]]. Yn datselde jier ûnderwurp er de Elbe-Slaven en [[Bohemen]]. Dêrtroch koe er it ryk fan binnen út delbêdzje. Ien fan syn politike doelen wie it meitsjen fan in ryksienheid. Dit woe er dwaan troch de yn [[929]] fêstleine Quedlingburger hûswet, dêr't yn fêstlein wie dat syn twadde soan Otto syn direkte opfolger wurde moast. De oare soannen waarden mei in hartochstitel tefreden steld. Mei kening Otto I kaam der ien fan de meast wichtichste persoanen fan it [[Hillige Roomske Ryk]] op de troan.
 
Hindrik krige as bynamme ''De Fûgelder'', omdat hy op fûgeljacht west hawwe soe doe't men him ynljochte oer syn keningskar. Mooglik stammet dizze anekdoate út de [[12e ieuiuw]].
 
Yn de tiid fan de Dútse [[romantyk]] soe Hindrik in populêre figuer wurde en noch letter ûnder it [[nasjonaalsosjalisme]] krige er ek in soad omtinken - benammen yn rûnten fan de [[Schutzstaffel|SS]] (en [[Ahnenerbe]]).