Jakobinertsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ plaatsje
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Image:140531 Grote of Jacobijnerkerk Leeuwarden NL.jpg|thumb|300px|''De westside fan de Jakobinertsjerke yn 2014'']]
De '''Jakobinertsjerke''', as de ''Grutte Tsjerke'', yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] is de grutste fan de MidsieuskeMidsiuwske tsjerken yn de stêd.
It [[gotyk|goatyske]] bouwurk waard by de [[Reformaasje]] omboud ta [[protestantisme|protestantske]] tsjerke en ferlear har alters en in soad fan de fersierings. De tsjerke is noch altyd yn gebrûk by de protestantske gemeente.
 
De tsjerke waard tusken 1275 en 1310 boud as ûnderdiel fan in [[dominikanen|dominikane]]kleaster en waard letter fergrutte. De brede súdlike [[sydboek]] waard pas yn de lette 15e ieuiuw byboud, wylst it [[Skip (boukeunst)|skiip]] begjin 16e ieuiuw mei in [[travee]] ferlingd waard.
 
De yn Ljouwert en [[Grins (stêd)|Grins]] residearende [[Steedhâlder]]s fan [[Fryslân]] en [[Grinslân]] hienen sûnt 1591 ûnder it koer fan de Jakobinertsjerke yn Ljouwert in [[grêfkelder]] dy't tusken 1640 en 1696 fergrutte waard. Yn de [[grêfkelder fan de Fryske Nassau's]], de greven fan Nassau-Dietz, waarden tusken 1623 en 1765 tsien lykkisten bysetten. Yn de kapel boppe de kelder stienen noch ris seis kisten. By de omwinteling fan 1795 waarden de kisten en grêfmonuminten fernield.