Lân fan Heusden en Altena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kaartsje
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[File:Altena-Blaeu-1665.jpg|thumb|It Lân fan Heusden en Altena yn de 17e ieuiuw]]
It '''Lân fan Heusden en Altena''' is in streek yn it noarden fan de provinsje [[Noard-Brabân]]. De streek wurdt begrinze troch de [[Merwede]] yn it noarden, de Ofdamme Maas en de [[Heusdenske Maas]] yn it easten, de [[Nasjonaal Park De Biesbosch|Biesbosch]] yn it westen en de [[Bergsche Maas]] yn it suden. It grutste plak yn it gebiet is [[Werkendam]]. [[Woudrichem]] is histoarysk it wichtichste plak.
 
It gebiet bestiet út de trije gemeenten [[Woudrichem (gemeente)|Woudrichem]], [[Aalburg]] en Werkendam. Der wurdt lykwols al jierren sprutsen oer ien gemeente Altena. Dy mooglikheid wurdt noch ûndersocht. Yn totaal wenje der 52.904 minsken (2003) ferspraat oer inkele tsientallen doarpen. It wie oant ± 1960 yn wêzen in eilân mei in isolearre libjende befolking. Lânskiplik foarmet it de fuortsetting fan it [[Gelderlân|Gelderske]] rivieregebiet, benammen fan de oanswettende [[Bommelerwaard]]. De klaaigrûn wykt sterk ôf fan de yn Brabân mear fertroude sângrûn.
 
It ''Lân fan Heusden'' en it ''Lân fan Altena'' wurde sûnt de oanlis fan de Bergsche Maas yn 1904 yn ien siken neamd. De Bergsche Maas trochsnied it Lân fan Heusden, dêr't de súdlike "benedendoarpen" fan en ek Heusden sels har dêrnei mear op de rest fan Brabân oriïntearjen gien binne. Dizze falle dus bûten it Lân fan Heusden en Altena. De histoaryske grins tusken de eardere [[hearlikheid (bestjoersfoarm)|hearlikheden]] Heusden en Altena ferrint noardlik fan [[Veen (Aalburg)|Veen]] en [[Babyloniënbroek]] en eastlik fan [[Dussen]]. Beide gebieten komme beide fuort út it midsieuskemidsiuwske goa [[Teisterbant]], [[Hartochdom Kleef|Kleefs]] waarden, dêrnei de 14<sup>e</sup> resp. 13<sup>e</sup> ieuiuw [[Hollân]]sk en pas oan it begjin fan de njoggentjinde ieuiuw Brabânsk. In opmerklik ferskil mei de rest fan Noard-Brabân is dan ek de sterk [[protestantisme|protestantske]] ynslach fan it gebiet.
 
[[Kategory:Diel fan Noard-Brabân]]