Slobodan Milošević: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 9:
[[Sloveenje]] krige nei 10 dagen kriich mei Servje syn ûnôfhinklikens. Foar Milošević bestjutte Sloveenje net folle, omdat der hast gjin etnyske Serven wennen. Dat wie oars yn [[Kroaasje]], dêr't 650.000 Serven wennen. Dêr waard fûl fochten yn [[Vukovar]] en yn de [[krajina]]'s. Kroaasje en Sloveenje ferklearren harsels yn 1991 ûnôfhinklik. Dêrnei folge [[Bosnje en Hersegovina]]. Linkedewei waard it Albaneeske ferset út Kosovo wei hieltyd grutter. Yn 1992 begûn de kriich tsjin Bosnje en Hersegovina. Milošević besocht Bosnje en Hersegovina, dêr't 40% moslims, 32% Servjers en 17% Kroaten wennen, op te dielen mei de Kroatyske presidint [[Franjo Tuđman|Tudjman]]. Dat plan mislearre. Troch militêre druk út it westen einige de kriich mei Bosnje en Hersegovina mei it [[Ferdrach fan Dayton]].
 
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieuiuw waard it skeel tusken de Albaanjers en de Servyske minderheid yn Kosovo hieltyd slimmer. Yn 1996 kaam it ta in wapene konflikt tusken it [[Kosovaarsk Befrijdingsleger]] (UÇK) en de Servyske polysje. Troch de stipe fan de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] oan de Albanezen yn Kosovo en de ferhûddûke hâlding fan Milošević begûn yn 1999 de Kosovo kriich. Kosovo kaam ûnder it bestjoer fan de [[Feriene Naasjes]], mar hearde formeel noch by Servje. Dat hat Slobodan Milošević skeind. By de presidintsferkiezings fan 24 septimber 2000 wie de winst as gefolch fan fraude tawiisd oan Milošević. Nei lange protesten en grutte demonstraasjes en in folksopstân op 2 oktober 2000, moast Milošević belies jaan as presidint fan Servje.
 
Yn 'e maitiid fan 1999 waard Milošević troch it Ynternasjonaal Joegoslaavje-tribunaal oanklage foar kriichsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom. Op 1 april waard Milošević yn Belgrado pakt.