Tolteken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L redke
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Toltecas.png|thumb|400px|Kaart mei wichtige delsettingen fan de Tolteken: plakken yn it Tolteekske kearnlân (swart), enklaven bûten de kearnkrite (wyt) en plakken mei kuturele bannen mei de Tolteken (read)]]
[[Ofbyld:Telamones Tula.jpg|thumb|left|Stânbylden yn de foarm fan Tolteken-fjochters, yn de stêd [[Tula (Hidalgo)|Tula]].]]
De [[Tolteken]] (''[[Nahuatl]]: Tolteka'') wienen in [[Yndianen|Yndiaansk folk]] en in [[beskaving]] dy't fan de [[10e ieuiuw|10e]] oant en mei de [[12e ieuiuw]] in grut part fan Sintraal-Meksiko behearsken.
 
It Tolteekske folk is nei alle gedachten ûntstien troch in gearraning fan nomadyske [[Tsitsimeken]] út it noarden mei sedentêre [[Nonoalken]] út it [[Delling fan Meksiko]]. Mooglik wienen sy ien fan de folken dy't de fal fan [[Teotiuakan]] feroarsaken. De Tolteken wienen ien fan de ynfloedrykste folken fan pre-Kolumbiaansk Amearika, Tolteekske ynfloeden binne oantroffen fan [[Nij Meksiko]] oant [[Kosta Rika]].
 
De haadstêd fan de Tolteken wie de stêd [[Tollan]], dy't neffens de [[Azteken]] in bysûnder grutte stêd west hawwe moat. Lang hawwe argeologen Teotiuakan beskôge as Tollan. Sûnt de tritiger jierren fan de 20 ieuiuw wurdt [[Tula]] as de meast wierskynlike lokaasje oanwiisd.
 
Yn de 12e ieuiuw waard Tollan troch de Tolteken ferlitten. Der wurdt fermoede dat Tollan yn [[1168]] plondere is troch Tsitsimeken. De lêste Tolteekske hearsker, [[Huemak]], stoar neffens de kroniken seis jier letter.
 
De Azteken beskôgen har as opfolgers fan de Tolteken, en sprutsen deselde taal, it Nahuatl. Sy wienen grutsk op harren sibskip.