Angelsaksyske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanf
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 15:
 
==Talen==
De Angelsaksyske taalgroep bestiet út twa libbene en twa [[deade taal|útstoarne talen]], mei dêropta noch guon histoaryske fariëteiten dy't ta de beide libbene talen rekkene wurde. De grutste en wichtichste Angelsaksyske taal is fansels it [[Ingelsk]], dat hjoed de dei troch likernôch 324 miljoen minsken yn 'e wrâld as [[memmetaal]] sprutsen wurdt. It Ingelsk hat him fia it [[Midingelsk]] út it [[Angelsaksysk]] of Aldingelsk ûntwikkele, en is sûnt de [[santjinde ieuiuw]] troch [[kolonisaasje]] en [[emigraasje]] oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat it hjoed de dei net inkeld de dominante taal is yn [[Grut-Brittanje]], mar ek yn [[Ierlân]], de [[Feriene Steaten]], [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]], [[Súd-Afrika]] en in stikmannich lytsere [[List fan lannen en gebieten|lannen en territoaria]], benammen yn it [[Karibysk Gebiet]].
 
De iennichste oare libbene Angelsaksyske taal is it [[Skotsk]], in [[minderheidstaal]] dy't yn it [[Skotlân|Skotsk]]e leechlân, dielen fan [[Noard-Ierlân]] en it uterste noarden fan 'e [[Ierlân|Ierske Republyk]] sprutsen wurdt troch likernôch oardel miljoen minsken, wêrûnder (neffens de Britske folkstelling fan [[2011]]) 165.000 [[memmetaal]]sprekkers. Ek it Skotsk is, fia it [[Midskotsk]] en it [[Aldskotsk]], fuortkommen út it Aldingelsk, mar om't dy taal yn it foar [[1707]] ûnôfhinklike Skotlân in hiel oare ûntwikkeling trochmakke as yn [[Ingelân]], hat it him dêr ta in oare taal ûntjûn.
 
Njonken it Ingelsk en it Skotsk wurde ek it [[Fingaalsk]] en it [[Yola]] ta de Angelsaksyske talen rekkene. Dat wiene súdwestlike [[Midingelsk]]e taalfarianten dy't sprutsen waarden yn [[Ierlân]] en dy't gauris as aparte talen beskôge wurde. Beide binne lykwols om 'e midden fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] hinne útstoarn. Guon [[taalkundige]]n rekkenje fierders ek it [[Anglo-Romany]] ta de Angelsaksyske talen, dat in [[mingtaal]] is fan [[wenweinbewenners]] út Ingelân. De [[kreoalske talen]] op basis fan it Ingelsk wurde yn elts gefal net ta de Angelsaksyske talen rekkene, want hoewol't dy op it mêd fan 'e [[wurdskat]] witwat oan it Ingelsk ûntliend hawwe, is harren [[grammatika]] totaal oars.
 
==Skematyske opbou en ûntwikkeling==