Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 15:
== Skiednis ==
=== Untstean ===
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de ieuiuw.]]
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''Breedfurd'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersetten wurde kin as "brede fuorde". (in [[furde]] is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn [[1409]] wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "''Berdawerd''", in foarrinder fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "''Berdaewerdt''", "''Bierdauwert''" en "''Berdaerdt''".