Hijum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 13:
 
== Skiednis ==
Hijum is ûntstien op in kwelderwâl. Doe’t yn de 12de ieuiuw dêr in dyk oanlein waard, wat no de [[Hege Hearrewei]] is, kaam Hijum binnendyks te lizzen. Hijum kaam sa yn hannen fan it kleaster [[Mariëngaarde]].
 
== Gebouwen ==
=== Herfoarme tsjerke ===
[[Ofbyld:Hijum heff. tsjerke preekstoel.wiki.jpg|frame|right|De preekstoel fan de Hijumer Herfoarmetsjerke.]]
De tsjerke is yn de twadde helte fan [[12e ieuiuw]] boud. Der sitte noch fragminten fan [[dowestien]] yn. De tsjerke wie wijd ta [[Sint Niklaas]], de patroan fan de seefarders. Der wurdt wol tocht dat der doe yn Hijum skippers wenne hawwe. Se hienen oer [[Alde Leie]] in goede ferbining mei de Middelsee.
 
Oer de lêste pastoar, út [[1580]], de dominikaan hear Pibo, is noch it nedige bekend. Hy beklaget him tige hoe’t er yn Hijum behannele is.
Rigel 38:
Hijum hie twa aadlike slachten. De Aebinga’s of Eabinga’s en de Emminga’s. De E(m)minga’s hienen ek besit yn [[Stiens]].
 
As stamheit fan de Aebinga’s wurdt yn de [[15e ieuiuw]] [[Folkert Gosses Eabinga]] neamd. Hy wie [[grytman]] fan it noardlike part fan Ljouwerteradiel. Fierder is ek [[Binnert Abinga]] bekend wurden. De Aebinga’s hearden by de [[Fetkeapers]]. Doe’t [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] yn [[1511]] as lânshear fan Fryslân ynhuldige waard, wegere Binnert om de eed fan trou oan de nije lânshear ôf te lizzen. Syn besit waard doe oernommen troch [[Hessel fan Martena]] dy’t syn namme jûn hat oan it [[Martenahûs (Frjentsjer)|Martenahûs]] yn Frjentsjer.
 
De Aebinga's binne letter nei [[Hallum]] ferhuze. As eigner fan harren state, it [[Nijehûs]], komme letter ek oare nammen foar. Yn 1732 makke [[Jacobus Stellingwerf]] in tekening fan wat doe eins in boufal wie.
 
== Arjen Roelofs ==
Yn Hijum hat, yn de twadde helte fan de 18e ieuiuw en it begjin fan de 19e ieuiuw, de doe ferneamde stjerrekundige [[Arjen Roelofs]] wenne en wurke. Hy is mei twa bruorren en in suster op it hôf fan Hijum begroeven.
== Mienskip ==
Sûnt de Reformaasje binne Hijum en [[Feinsum]] eins twillingdoarpen wurden. It Hijumer doarpshûs hjit "De Kampioen", dêr komt ek de feriening Doarpsbelang gear. De skoalle is neamd nei [[Arjen Roelofs]]. Yn Hijum hat lang de middenstân foar beide doarpen wenne. Der hat ek noch in [[sûkerei]]fabrykje west. It jierlikse doarpsfeest wurdt om bar yn Hijum en Feinsum holden.