Jerevan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 29:
 
== Skiednis ==
Jerevan is ien fan de âldste stêden op ierde. Argeologysk bewiis toant nammentlik oan dat op it stee fan it hjoeddeiske Jerevan al yn [[782 f.Kr.]] in militêre fersterking troch kening [[Argistis I]] boud wurden is. Dy fersterking moast oanfallen fan barbaren út it noarden fan de Kaukasus tsjinhâlde. Letter wie Jerevan fan strategysk belang as in krúspunt fan karevaanrûtes tusken [[Jeropa]] en [[Aazje]]. De namme Jerevan waard yn de [[7e ieuiuw]] brûkt as de haadstêd fan Armeenje ûnder Persysk gesach. Ek [[Azerbeidzjan]] en de Ottomanen hawwe, lykas de [[Romeinen]] de stêd binnen harren lânsgrinzen hân. Yn 1827 wurdt Jerevan [[Ruslân|Russysk]] grûngebiet. Fan [[1917]] oant [[1920]] hat de stêd de funksje fan haadstêd fan in ûnôfhinklik Armeenje, dochs it lân wurdt opslokt troch de Sowjetuny en Jerevan wurdt de haadstêd fan de [[Sosjalistyke Republyk Armeenje]], ien fan de 15 republiken fan de [[Sowjetuny|USSR]]. Yn 1991, nei it útienfallen fan de Sowjetuny, wurdt Jerevan wer haadstêd fan in frij Armeenje.
 
De jierren njoggentich fan de foarige ieuiuw hawwe net folle rêst yn Jerevan brocht. Ien fan de ynsidinten: yn oktober 1999 wurde yn it Armeenske parlemint de foarste minister Vazgen Sarkissian, de foarsitter Karen Demirtsjan en seis oaren fermoarde, sa'n 50 ôffurdigen wurde in nacht as gizelers fêsthâlden. De dieders jouwe harren de oare moarns oer, wurde ôffierd nei in finzenis en fan harren wurdt nea wer wat fernaam.
Fan de hiele stêd út kin men de [[Grutte Ararat]] en de [[Lytse Ararat]] lizzen sjen. Hoewol't dizze bergen, dêr't neffens de Bibelske oerlevering [[Noach]] mei syn ark tsjinoan fart is, nasjonale symboalen foar Armeenje binne, lizze hja tsjintwurdich yn it Turkske territoarium. De measte gebouwen yn de stêd binne oplutsen út [[reade dowestien]].