Man (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 35:
[[Ofbyld:The Braaid - Isle of Man - kingsley - 21-APR-09.jpg|thumb|right|250px|''De [[Braaid]] yn it sintrum fan it eilân, mei de oerbliuwsels fan âlde beskavings op it eilân.'']]
 
Man waard nei gedachten net earder as de [[5e ieuiuw|fyfde ieuiuw nei Kristus]] kolonisearre troch Gealsktalige stammen út [[Ierlân]]. Der binne guon argeologyske oanwizings fûn dat it eilân foar dy tiid troch Welsktalige minsken bewenne west hawwe kin. De namme fan Man is ôflaat fan [[Mannanan]], de Keltyske god fan ’e see.
 
Oer de skiednis oant likernôch 800 is net in protte bekend. Mûglik is it in pear kear troch buorlannen oermastere. Yn de [[9e ieuiuw]] begûnen de ynfallen fan de Wysingen. Om 850 hinne wie harren ynfloed op Man sa sterk wurden, dat se it bestjoer oernamen en Man losmeitsje koenen fan ’e Skotske Hebriden.
Yn 1266 waard it [[Ferdrach fan Perth]] sletten tusken [[Noarwegen]] en Skotlân. Dêrby waard Man mei alle oare Noarske eilannen, útsein de [[Orkaden]] en [[Sjetlâneilannen|Sjetlân]] ferkocht oan Skotlân. De Ingelske kening [[Edward I]] bemastere Man yn 1290, doe’t yn [[Skotlân]] ferskate eallju om ’e (lege) troan fochten, mar yn [[1313]] kaam it wer by Skotlân te hearren, doe’t de Skotske kening [[Robert Bruce|Robert I]] nei in belis fan fiif wiken it kastiel fan Rushen ynnaam. Fan likernôch 1320 ôf bestie der in wat betize tastân en wie Man noris yn Ingelske en dan wer yn Skotske hannen.
 
Nei't Man yn [[1333]] foargoed Ingelsk besit waard, waard it yn 1405 besit fan de Stanley-famylje. De tiid dat it Hûs Stanley oer Man hearske (1405-1736), wie ien fan ’e bettere snuorjes út ’e Mankske skiednis. Nei de dea fan James II Stanley, yn 1736, kaam Man yn it besit fan de famylje Murray, en yn [[1765]] koft it Britske regear it eilân om it smokkeljen tsjingean te kinnen. Goed in ieuiuw lang, fan 1765 oant 1866, stie Man dêrnei streekrjocht ûnder Britsk bestjoer. Yn 1866 krige Man selsbestjoer en ûntstie de steatkundige sitewaasje sa’t dy hjoed de dei noch is, mei Man los fan it Grut-Brittanje. Hoewol’t dat selsbestjoer yn ’t earstoan yn ’e praktyk noch net in soad foarstelde, boeken de Manksen sûnt dy tiid in opmerklike foarútgong. Yn de rin fan de 20e ieuiuw hawwe der oplibbings west fan de Mankske kultuer en de Mankske Taal.
 
== Befolking ==
Rigel 56:
It [[Manksk]], dat yn ’e eigen taal ''Gaelg'' of ''Gailck'' neamd wurdt, is in [[Keltyske talen|Keltyske]] taal. Mei it [[Gealsk]] en it [[Iersk]] heart it ta de [[Gealske talen|Gealske subgroep]] fan ’e [[Keltyske talen|Keltyske taalfamylje]].
 
Troch de ieuweniuwen hinne hat it oan sterke ynfloeden fan benammen it [[Noarske taal|Noarsk]] en it [[Ingelske taal|Ingelsk]] bleatstien. Lykwols bleau it oan ’e njoggentjinde ieuiuw ta yn gebrûk as sprektaal èn as bestjoerstaal. Dat it Manksk fan likernôch 1830 ôf hieltyd mear terrein priisjaan moast, lei net oan druk fan boppe-ôf troch in Ingelsktalich regear, mar oan it gefoel dat in protte Manksen sels hienen, dat se allinne mar mei koenen yn ’e wrâld as se Ingelsk sprutsen. Dêrtroch waard der sa op it Manksk delsjoen, dat de âlden it harren bern net mear learden. Om 1910 hinne wie it hielendal út it iepenbier ferdwûn en waard it allinne noch mar yn it húslike fermidden sprutsen en, iroanysk genôch, yn guon offisjele ynstellings dêr’t stevich yn tradysjes ferankere wie, lykas de tsjerke en rjochtspraak.
 
It djiptepunt kaam foar it Manksk yn ’e santiger jierren. Yn 1974 stoar Ned Maddrell, dy’t neffens taalkundigen de lêste wie dy’t it Manksk as memmetaal hie. Sûnt ’e jierren tachtich makket de taal lykwols in opmerklike oplibbing troch, eat dat foar in grut part te tankjen wie oan in lytse hurde kearn fan lju dy’t it Manksk as twadde taal fan harren pakes en beppes leard hienen. Neffens de folkstelling fan 1991 hienen doe 650 ynwenners fan Man kennis fan it Manksk, al moat oannommen wurde dat der grutte ferskillen bestienen tusken de nivo’s fan dy kennis. Yn 1992 waard it Manksk wer ynfierd as skoalfak en der is no sels in skoalle dêr’t al it ûnderwiis yn it Manksk bart. Neffens de folkstelling fan 2001 sprutsen doe 1.689 minsken it Manksk as twadde taal, wylst der ek foar it earst yn jierren wer bern (27, om krekt te wêzen) wienen dy’t it Manksk as memmetaal hienen.
 
=== It Manksk-Ingelsk ===
De meast sprutsen taalfoarm op Man is hjoed de dei it Manksk-Ingelsk, dat net betize wurde moat mei it Manksk. It Manksk-Ingelsk is it Ingelsk sa’t him dat troch de ieuweniuwen hinne op Man ûntjûn hat ûnder sterke ynfloed fan it Keltyske Manksk en ek fan it Noardingelske dialekt fan [[Lancashire]], dêr’t in protte kontakten mei wienen. It wykt frij sterk ôf fan ’e Ingelske standerttaal (it saneamde [[Oxford-Ingelsk]]) en fan alle oare Ingelske dialekten, ynklusyf dy dy’t harren ûnder ferlykbere omstannichheden ûntwikkele hawwe yn oare Keltyske gebieten, lykas [[Skotlân]], [[Ierlân]] en [[Wales]].
 
== Bestjoer en Polityk ==
Rigel 72:
 
=== It Tynwald ===
It parlemint fan Man is it [[Tynwald]] (Manksk: ''Tinvaal''), dat it âldste ûnûnderbrutsen funksjonearjende parlemint fan ’e wrâld is. It is oprjochte yn it jier 979 en hoewol’t de parleminten fan sawol [[Yslân]] as de [[Faeröer]] fan foar dy tiid datearje, hawwe dy yn ’e njoggentjinde ieuiuw beide inkelde tsientallen jierren lang opheft west.
 
[[Ofbyld:Flagge_fan_tynwald.gif|thumbnail|De flagge fan it Tynwald, it Mankske parlemint.]]
Rigel 104:
 
== Ekonomy ==
Fan ’e jierren sechtich fan ’e tweintichste ieuiuw ôf binne [[lânbou]] en [[fiskerij]], dy’t foar dy tiid de foarnaamste ynkommensboarnen op Man wienen, minder wichtich wurden. It geunstige belestingklimaat op it eilân en it belied fan it regear om belienings te jaan oan finansjele en ''high-tech''-bedriuwen dy’t har op it eilân fêstigen, hat derfoar soarge dat tsjintwurdich banken en oare tsjinstferlienende ynstellings en ek ''high-tech''-bedriuwen de wichtichste pylders fan ’e Mankske ekonomy foarmje. In oare wichtige, sij it seizoensbûne sektor is it toerisme.
 
Yn 2000 wurke 86% fan ’e Mankske befolking yn ’e tsjinstesektor, 13% yn ’e yndustry en 1% yn ’e lânbou en de fiskerij. Yn 2003 wie it bruto nasjonaal produkt fan Man wie $28.500,- per ynwenner.