Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 26:
 
== Aleksandertsjerke ==
It âldste diel fan de [[Romaansk|romaansk]]e herfoarme [[Aleksandertsjerke (Rinsumageast)|Aleksandertsjerke]] fan Rinsumageast komt út de [[11e ieuiuw]]. Yn de 13e ieuiuw is de tsjerke fergrutte troch de oanbou fan in [[Gotyk|let-goatyske]] sydbeuk oan de súdkant fan de tsjerke en 3 skippen. Yn de 16e ieuiuw waard dit wer feroare yn 2 skippen. Under it koar sit in foar Noard-Nederlân seldsume [[krypt]], in ferburgen kapeltsje ûnder de grûn. De toer hat as bekroaning in saneamd [[sealtek]].
Om de tsjerke lizze in tal aadlike grêven, mei "napkestiennen". Dit binne balstiennen mei rûne boargatten, dêr't nei alle gedachten yn de heidenske tiden, mar ek noch wool yn it Kristendom (temûk), fruchtberheidoffers yn stoppe waarden foar heidenske goaden. It boargrús dat by it boarjen fan de gatten ûntstie waard, sa 't sein waard, troch de froulju wol opiten, sa soenen se gauwer bern krije. It tsjerkestee soe eartiids in wichtich heidens kultusplak west hawwe kinne.