Turkije: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 41:
== Demografy ==
=== Befolking ===
Oan it begjin fan de 20e ieuiuw wennen der 12 miljoen minsken yn it gebiet lyk oan it hjoeddeiske Turkije; dat binne no fiif kear safolle. Yn Turkije wenje 73.722.988 (2010) minsken. Dêrfan binne 73% [[Turken]], 21% [[Koerden]], 2% [[Tsjerkessen]], 2% [[Arabieren]], 0,5% [[Lazen]], 0,1% Syrjers, 0,06% [[Armeenjers]] en 0,01% [[Abkazen]]. De trochsneed fan de Turkske is frij jong mei 25.5% yn de leeftyd fan 0 oant 15 jier.
 
=== Talen ===
Yn Turkije wurdt it [[Turksk]], de offisjele taal, praat troch 90,5% fan de befolking. De minderheidstalen binne [[Koerdysk]] (18,6%), [[Arabysk]] (3%), [[Armeensk]], [[Lazysk]], [[Geörgysk]], [[Adyghe]], [[Sefardysk]] en noch lytsere talen wêrûnder de sigeunertalen. It Turksk kaam mei de Nomaden út it easten wei nei Turkije ta yn de 10e ieuiuw. Sûnt de herfoarmings fan Mustafa Kemal Atatürk yn [[1928]] wurdt it Turksk mei it [[Latynske alfabet]] skreaun. It Turksk fan hjoed de dei hat in protte lienwurden út it [[Frânsk]] en [[Arabysk]]. Yn it westen fan Sina, op de Kaukasus en yn Sintraal-Aazje wurde Turkske talen praat. Yn it easten fan Turkije wurdt it Koerdysk praat. It Koerdysk wie oant 1991 troch it Turkske regear ferbean, mar mocht dêrnei wer yn it iepenbier brûkt wurde. Dochs binne der sûnt dy tiid wol gefallen fan ûnderdrukking fan de Koerdyske taal.
 
=== Religy ===
Neffens ferskillende rûzings is 99,8% fan de befolking [[moslim]]. Sa'n 20% fan de ynwenners (likernôch 15 miljoen minsken) is [[alevyt]], in liberale streaming yn de [[islam]]. Turkije hat in ynstitút foar Religy, de Diyanet, dy't tafersjoch hâldt op moskeeën en imams opliedt. De Diyanet is in soennitysk ynstitút, in streaming dêr't de measte ynwenners fan Turkije ta rekkene wurde. Tusken de 7% en 30% fan de befolking sjiyt. Njonken de islam libje yn Turkije Gryksk-Ortodoksen, Armeensk-Ortodoksen en Joaden, meiïnoar foarmje se 0,2% fan de befolking. Oan it begjin fan de 20e ieuiuw wie 20% fan de befolking [[kristendom|kristen]]. Omdat it [[Osmaanske Ryk]] yn it westen gebiet ferlear troch de Balkanoarloggen, is dat oantal tebekrûn. Oare redenen binne ferbanning, emigraasje, folkenmoard en ferfolging. Yn de earste ieuweniuwen fan de jiertelling wie [[Konstantinopel]] in kristlik sintrum. Sûnt 1960 binne hat Turkije wer diplomatike betrekkingen mei it [[Fatikaanstêd|Fatikaan]].
 
== Ferkear ==