Westfryske dialekten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 8:
| subgroepen = ● [[Eilânwestfrysk]]<br> ● [[Lânwestfrysk]]
}}
De '''Westfryske dialekten''' foarmje in groep nau besibbe [[Hollânsk]]e [[dialekt]]en yn it noarden fan 'e provinsje [[Noard-Hollân]], dy't fuortkommen binne út in ferminging fan it [[Frysk]] dat oarspronklik yn 'e [[lânstreek]] [[West-Fryslân]] en op 'e omlizzende [[eilân|eilannen]] sprutsen waard, en it [[Hollânsk]] dat dy [[taal]] dêr fan 'e ein fan 'e [[trettjinde ieuiuw]] ôf ferkrong. Hoewol't dizze dialektgroep dúdlik ûnderdiel foarmet fan it bredere ferbân fan it Hollânsk, binne der noch altyd spoaren fan it Fryske [[substraat]] yn werom te finen.
[[File:Lânkaart lokaasje Westfryske dialekten.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Westfyske dialektgroep yn 'e [[Noard-Hollân]].]]
 
Rigel 42:
 
==Hjoeddeistige sitewaasje==
Troch de grutte ynfloed fan it [[Nederlânsk]] binne de Westfryske dialekten sûnt it begjin fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] sterk yn it neigean rekke. Op in soad plakken wurde dizze dialekten no allinnich noch mar yn 'e lichtste foarm sprutsen, wêrby't men suver better sprekke kin fan in regionaal kleure Nederlânsk (in [[regiolekt]]) as fan in dialekt. Boppedat ferlieze se ûnder de jongere generaasjes almar mear terrein. It echte dialekt wurdt fral noch sprutsen op [[Teksel]] en [[Wieringen]], troch de âldere generaasjes yn 'e stêden en troch de befolking fan 'e bûtengebieten, de min ofte mear (fan ymport út oare kontreien wei) isolearre lytse doarpkes op it plattelân. Yn dit ferbân moat opmurken wurde dat de fêstiging yn it gebiet troch in protte (âld-)marinelju (fanwegen de [[marine]]haven fan [[Den Helder]]) yn beskate kriten in tige neidielich effekt op it trochjaan fan it dialekt oan 'e jongere generaasjes hân hat.
 
{{boarnen|boarnefernijing=