Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 14:
 
== Wurdearring ==
Barents syn tredde reis wie ien fan de safolste mislearre besikings om de Noardeastlike Trochgong te finen en doe't [[Cornelis de Houtman]] op de ein 16e ieuiuw de earste Nederlânske reis om de [[Kaap de Goede Hope]] foltôge, ferlearen de Nederlânske keaplju harren ynteresse om in rûte nei Aazje te finen fia it poalgebiet. De reis fan Barents ferdwûn stadichoan út it ûnthâld. Pas om 1810 hinne kamen syn reizen wer yn it sin doe't ûnder ynfloed fan de Frânske besetting de Hollânsk trots wer oplibbe. Doe't de dichter [[Hendrik Tollens]] yn 1819 syn mankelike lofdicht ''Tafereel van de overwintering op Nova Zembla'' útjoech, dêr't hy syn lângenoaten yn opropt om wer sokke dieden te dwaan, wie men dêroer dan ek tige te sprekken en krige hy dêrfoar in literatuerpriis. Ek de skoalleplaat "De oerwintering op Nova Zembla" fan [[Johan Herman Isings]] hat bydroegen oan dat nasjonale gefoel.
 
De oerbliuwsels fan it Behâlden Hûs wienen lykwols al wat earder fûn yn [[1871]] troch de Noarske walfiskfarder [[Elling Carlsen]] en dêrnei troch de Brit [[Charles Gardiner]], dy't yn [[1876]] it Behâlden Hûs letterlik ôfbruts, sykjend nei spoaren. Russyske wittenskippers dy't letter it stee besochten melden dat er sawat neat mear fan oer wie. De fynsten dy't sy dienen waarden meinaam en ferkocht oan Nederlânske musea.