De Houtigehage: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 12:
'''De Houtigehage''' is in doarp yn de gemeente [[Smellingerlân]], noardeast fan [[Drachten]]. It doarp hat likernôch 910 ynwenners (2012), mei in basisskoalle [http://www.wiksel.nl/ IBS De Wiksel], in kroech en in itersstee. Der lizze twa buorskippen tichtby:Luchtenveld en Fianen.
 
Oan de earste helte fan de 18e ieuiuw ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning.
Nei de oarloch stie it doarp bekend as it [[Kommunisme|kommunistyske]] bolwurk. De tsjerkedoarpen der omhinne wiene faak wat riker. Der wie in soad earmoede, en der waarden [[wurkferskaffing]]sprojekten opsetten. Begjin jierren fyftich wie de wurkleazens hast 30% en sa'n sechtich wurkleazen gie út protest oan it wurk. Se begûnen fannijs in ûnbegeanber paad oan te lizzen. De [[VPRO]] hat hjir yn [[2007]] in programma oan wijd.
 
Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp [[Rottefalle]]. [[Johannes Antonie Visscher]], dominy yn it begjin fan de 20e ieuiuw, wie begien mei it lot fan De Houtigehage, publisearre oer de ’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn [[1909]] de earsten wienen. Ien fan dy huzen is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en ynrjochte.
== Mienskip ==