Frankfurt am Main: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 34:
It histoaryske sintrum fan de stêd wie it ''Dominsel'', in eilân tusken twa tûken fan de ''Main'' rivier, dat al sûnt de [[Neolitykum|neolityske]] tiid bewenne is. Neidat it plak al brûkt waard troch de [[Kelten]], [[Romeinske Ryk|Romeinen]] en [[Allemannen]], waard it om 600 hinne een keningshôf fan de [[Franken|frankyske]] [[Merovingen]]. Mei it keningshôf waard Frankfurt (as ''Francofurd'', Frankefoarde of foarde fan 'e Franken) it earst neamd yn in oarkonde fan keizer [[Karel de Grutte]] yn [[794]]. Roomsk keizer [[Lodewyk de Dútser]] keas Frankfurt as plak foar syn residinsje. Yn [[1220]] krige de stêd de rang fan ''Frije Ryksstêd'' en fan [[1356]] ôf mochten der mei de [[Gouden Bul]] [[karfoarst]]en keazen wurden. Fan [[1562]] ôf hat de stêd ek kroaningsstêd fan Dútse keizers west. Fan [[1816]] oant [[1866]] hat Frankfurt de sit fan de [[Bûnsdei]] west. Yn de [[Paulskirche]] kaam yn [[1848]] it earste Dútske parlemint gear. Yn [[1866]] kaam Frankfurt ûnder [[Prusen|Prussysk]] bewâld.
 
Yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme waarden 11.134 Joaden út Frankfurt deportearre en fermoarde. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] ûndergong Frankfurt heftige bombardeminten. Sa'n 70 persint fan de gebouwen yn de stêd gongen ferlern. It midsieuskemidsiuwske stedsbyld fan Frankfurt kaam by it wer opbouwen nei de oarloch net mear werom. Nei de Twadde Wrâldkriich moast der in nije haadstêd foar de [[West-Dútslân|Bûnsrepublyk Dútslân]] komme. De stêden Frankfurt en Bonn kamen yn 'e beneaming. Op 10 maaie 1949 stimme in mearderheid fan de Bûnsdei foar [[Bonn]] as haadstêd fan West-Dútslân. Nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkele de stêd him ta it finansjele sintrum fan Dútslân, sûnt 1998 is de [[Europeeske Sintrale Bank]] fêstige yn Frankfurt.
 
== Ekonomy ==
Rigel 54:
[[Ofbyld:Alteoperffm.jpg|thumb|Alde opera]]
=== Sint Bartolomeus Katedraal ===
De Sint Bartolomeus Katedraal (Dom Sankt Bartholomäus) is in Goatysk gebou, dat yn 'e 14e en 15e ieuiuw boud wurden is, mar de fundearring is gâns âlder. It is de grutste tsjerke fan Frankfurt. Fan [[1356]] ôf waarden keningen fan it [[Hillige Roomske Ryk]] keazen yn dizze tsjerke, en fan 1562 oant 1792, waarden der keizers kroand.
 
Sûnt de 18e ieuiuw wurdt de Sint Bartolomeus tsjerke "de katedraal" neamd, mar de tsjerke hat noch nea in bisdom west. De katedraal baarnde út yn 1867 en waard op 'e nij boud. De toer fan de tsjerke is 95 m.
 
=== Römer ===