Germanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata) - The interwiki article is not featured
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Healwei de [[1e ieuiuw f. Kr.]] rekke de [[Romeinen]] yn gefjocht mei Germaanske stammen by harren besykje it [[Romeinske Ryk]] nei it noarden út te wreidzjen. Hja neamden dat gebiet [[Germaanje]] en besochten it lân tusken de [[Ryn]] en [[Elbe]] te ûnderwerpen, mar moasten har mei de [[Limes|Ryngrins]] fergenoege. Yn it suden wie de [[Donau]] de swette tusken it Germaanske gebiet en de Romeinske Ryk. Yn de [[4e ieuiuw]] brutsen de Germanen foarfêst oer dizze grinzen hinne en ferrize oeral yn it Romeinske Ryk [[Germaanske keninkryk|Germaanske keninkriken]] û.o. fan de [[Goaten]], [[Fandalen]], [[Franken]], [[Bourgonden]] en [[Longobarden]]. Yn it [[Grutte Folkeferfarren]] fûn in hergroepearring plak fan de Germaanske stammen yn folken, yn West-Jeropa yn Franken, [[Friezen]] en [[Saksen]]. Ut [[Denemarken]] stutsen [[Angelen]], [[Jutten]] en Saksen oer nei [[Ingelân]], guon dêrfan kammen yn it kustgebiet fan Nederlân te lâne. Op de ein fan de [[8e ieuiuw]] ferspraten de [[Wytsingen]] har fan [[Skandinaavje]] út oer hiel West- en Súd-Jeropa.
 
== Sjoch ek ==