Kleaster-Lidlum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1996318
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 9:
Nei ien fan de beide oprjochters waard it ek wol ''Lidlum'' neamd. Letter brochten se it ûnder de Norbertiner oarder.
 
Fanwege oerstreamingsgefaar waard it kleaster yn [[1232]] mear it lân yn setten, en yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, nochris. Yn de [[13e ieuiuw]] waard it kleaster nau belutsen by it ûnderhâlden fan de seediken fan de [[Middelsee]], en kaam hast hiel [[Boksum]] oan it kleaster. Yn it omwâle kleaster wennen doe sawat 600 minsken. Fan it kleaster út waarden de [[parochy|parochys]] fan [[Lytsewierrum]], [[Eastersee]], [[Berltsum]], [[Seisbierrum]], [[Spannum]], [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]], [[Tsjummearum]], [[Menaam]], [[Boazum]], [[Wjelsryp]], [[Hjerbeam]], [[Húns]], [[Baard]], [[Easterlittens]], [[Britswert]] en [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] op [[Skylge]] betsjinne. As Norbertiner kleaster keas it de kant fan de [[Fetkeapers]] en stried it ûnder oare tsjin de Roarda's fan Tsjummearum, mei de Sjaardema's fan Frjentsjer en sels mei de skiere muontsen fan it [[kleaster Blomkamp]].
 
Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt [[Eelko Liaukama]] op de úthôf yn Boksum op 22 maart [[1332]]. Eelko protestearre tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. De manlju koenen dizze 'bekrompen' krityk net ferneare en sloegen harren geastlike heit mei in kneppel dea. Gjin bargehaskes mar wite roazen kamen út de mouwen fan syn pij foar ‘t ljocht. Eelko waard yn it lekengedielte fan de tsjerke begroeven en as martelder fereare. As sillige [[Eelko fan Liauckema]] komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Prémontré.