Mauretaanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 40:
 
== Skiednis ==
Al yn de [[11e ieuiuw]] wie Mauretaanje in [[islam]]itysk lân. It waard yn [[1902]] troch [[Frankryk]] ferovere, dy't it gebiet tafoege oan harren Frânske koloanje West-Afrika. Yn [[1960]] krige it ûnôfhinklikens. Mauretaanje oermastere it súdlike part fan de doetiidske [[Spaanske Sahara]] yn [[1976]]. Troch de jierrenlange striid tsjin de [[guerrilla]] beweging [[Polisario]] moast Mauretaanje de eardere Spaanske Sahara belies jaan (tsjintwurdich de [[Westlike Sahara]].
 
Presidint [[Taya]] hat in skoftlang tusken [[1984]] en [[2005]] regeare oer Mauretaanje. Hy kaam op [[12 desimber]] [[1984]] troch in steatsgreep oan de macht. Under syn regear waarden yn [[1992]] ferkiezings hâlden, dêr't hy derby yn slagge in mearderheid fan stimmen te beheljen. Yn juny [[2003]] waard tsjin him in steatsgreep besocht dy't lykwols mislearre. Hy waard yn novimber datselde jier opnij werkeazen as presidint foar in nij tiidrek fan seis jier, mar op [[3 augustus]] [[2005]] waard hy lykwols ôfset mei help fan de militêren. In protte boargers hawwe syn presidintskip as diktatoriaal belibben.