Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
No edit summary
Rigel 28:
 
De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak.
Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste [[Universiteit fan Utert|universiteit]] fan Nederlân, it haadkantoar fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] en de [[Jierbeurs]]. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.
 
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de [[Domtoer]], symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de '''Domstêd''' neamd.
Rigel 40:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (''castellum'') oan de [[Ryn]] troch de [[Romeinen]]. Letter hawwe de [[Franken]] op it stee in [[stins]] boud dy't troch de [[Friezen]] healwei yn de [[7e iuw]] ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn [[720]] waard de stêd wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop [[Willibrord]] en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.
 
Om-ende-by [[1120]] krige Utert stedsrjochten[[stedsrjocht]]en. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn [[1795]] lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.
 
== Befolkingsûntjouwing ==