Helsinki: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 35:
Op 2 maart 1808 waard Helsinky wer troch Russen beset. Nei de kriich moast Sweden hiel Finlân oan Ruslân jaan. Yn it begjin wie [[Turku]] de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân, dat de grutste en wichtichste stêd wie. Neffens tsaar [[Alexander I fan Ruslân|Alexander I]] wie Turku te fier fan Sint Petersburch ôf, dêrom moast Helsinky mar haadtêd wurde. Helsinky wie op dat stuit in lyts stedsje mei sa'n 4000 ynwenners. De stêd waard fierder ûntwikkele. Sûnt 1819 sit it Finske senaat yn de stêd.
 
Nei de grutte brân yn Turku waard ek de Akademy fan Turku nei Helsinky brocht. Fierders wienen der gjin universiteiten yn it lân. Mei de [[Yndustriële Revolúsje]] groeide de stêd yn de twadde helte fan de 19e ieuiuw. De treinferbining nei Hämeenlinna en Sint Petersburch ûntstie yn 1862 en 1870. Om 1900 hinne hie Helsinky sa'n 100.000 ynwenners.
 
Doe't Finlân op [[6 desimber]] [[1917]] ûnôfhinklik wie, waard Helsinky de haadstêd fan de nije steat. Yn de Finske Boargerkriich dy't dêrop folge ferovere de Reade Garde op 28 jannewaris 1918 de stêd. De konservative Finnen moasten nei de machtsoername de stêd út. Yn april wûnen Dútske troepen nei twa dagen de striid tsjin de Reade Garde. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Helsinky slim troffen troch bombardeminten fan de [[Sowjetuny|Sowjets]]. De stêd hie lykwols minder skea as oare Europeeske stêden, mei troch de sterke loftferdigening fan de Finnen.