Albrecht fan Saksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plakken
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 32:
[[Ofbyld:Herzog-Albrecht-der-Beherzt.jpg|thumb|''Albrecht fan Saksen'']]
 
As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn [[1498]] ta gûverneur (''[[potestaat]]'') fan [[Fryslân]]. Fryslân, de [[Ommelannen]] ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de [[15e ieuiuw]] it striidtoaniel fan de konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. [[Grinslân]] waard binnenfallen troch de greve fan [[greefskip East-Fryslân|East-Fryslân]].
 
Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby [[Emden]], en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen [[Hindrik V fan Saksen]] en [[Joaris mei it Burd]].