Angelsaksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
'''Angelsaksen''' is de sammelnamme foar ferskillende [[Germanen|Germaanske]] stammen dy't harren nei it ferfarren fan de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] yn [[407]], yn de rin fan de [[5e ieuiuw]] en letter yn [[Ingelân]] fêstigen.
[[Ofbyld:Britain peoples circa 600.png|thumb|300px|right|De fersprieding fan folken rûn 500 yn Ingelân]]
De stammen kamen út it noardwesten fan [[Dútslân]] en [[Nederlân]] (de [[Angelen]] en de [[Saksen (folk)|Saksen]] en de [[Friezen]]) en út [[Denemarken]] (de [[Juten]]).
Rigel 7:
Na ferrin fan tiid ûntstie in oantal lytse keninkriken, dy't inoar de hegemony betwisten. Om redenen fan oersichtlikheid wurde meastal allinnich de sân ynfloedrykste neamd ûnder de betiteling [[heptargy]]: [[Kent (keninkryk)|Kent]], [[Susseks]], [[Wesseks]], [[Esseks]], [[Northumbria]], [[East Anglia]] en [[Mersia]].
 
Ein [[6e ieuiuw]] lei it oerwicht by [[Kent (keninkryk)|Kent]]. [[Paus Gregorius I|Paus Gregorius de Grutte]] befoardere troch [[Augustinus fan Canterbury]] it kristenjen fan de Germaanske stammen. Dit liede yn [[597]] ta de bekearing fan kening [[Ethelbert fan Kent]]. Dêrnei naam [[Northumbria]] de posysje fan it liederskip oer. Kening [[Edwin fan Northumbria]] liet him yn [[627]] dope, wêrnei't [[York]] de sit waard fan in nij bisdom en in katedraalskoalle.
 
Stadichoan gie de hegemony oer nei [[Mersia]] ûnder kening Ethelred fan Mersia. Dit keninkryk krige grutte macht ûnder kening Ethelbald en benammen kening [[Offa]]. De lêste bleau foaral bekend troch de grinsdaam dy't hy bouwe liet oan de grins mei [[Wales]] ([[Keltysk]] gebiet): Offa's Dyke.
Rigel 17:
Under kening [[Edgar]] ([[959]]-[[975]]) berikte it Angelsaksyske ryk in hichtepunt. De oanfallen fan de Noarmannen holden op en de befolkingsgroepen mongen har ûnderling.
 
Oan de ein fan de [[10e ieuiuw]] ferfetten de Denen harren oanfallen. Se koenen in skoft ôfkocht wurde troch it beteljen fan it saneamde [[Danejild]], mar yn [[1016]] waard de Deenske kening [[Knoet de Grutte|Knoet]] ek kening fan Ingelân. Nei de keningen [[Harold I]] en [[Harthacanute]] begûn yn [[1042]] it de oerhearsking troch Wessex ûnder kening [[Edward de Belider]] fannijs. Dêrnei naam de [[Normandje|Normandyske]] ynfloed ta, wat útrûn op de Normandyske ferovering fan Ingelân troch [[Willem de Feroverder]] yn [[1066]].
 
[[Kategory:Angelsaksen| ]]