Frankyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Frankish Empire 481 to 814-en.svg|right|thumb|300px]]
[[Ofbyld:Franks expansion.gif|thumb|right|300px|Ekspânsje fan it Frankyske Ryk]]
It '''Frankyske Ryk''' wie in [[Jeropa|Jeropeeske]] grutmacht tusken de [[5e ieuiuw|5e]] en de [[9e ieuiuw]], dy't stadichoan foarme waard troch de [[Franken|Frankyske]] keningen, neidat de [[Franken]] en oare [[Germanen|Germaanske]] folken harren yn de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsjes fan [[Galje]] festige hienen.
 
== Oername fan it Romeinsk gesach ==
Yn de [[4e ieuiuw]] waarden der ferskate pogings dien troch de Romeinen om de ynfallende Franken wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer [[Julianus Apostata]], mar om'e nocht. Yn [[358]] krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as ''[[foederaty]]'' ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de [[Skelde]] en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de [[5e ieuiuw]] stoarte it Romeinske gesach bûten [[Itaalje]] folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje [[Neder-Germaanje]] (it tsjintwurdige [[Nederlân]] besuden fan it rivierengebiet, [[Belgje]] en it tsjintwurdige [[Rynlân]]) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har ferfolgens fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy [[Galje]] oan de [[Seine (rivier)|Seine]] ta.
 
== de Merovingen ==
Tjien jier nei it ôfsetten fan [[Romulus Augustulus]] as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn [[486]] de [[Merovingen|Merovingyske]] kening [[Klovis]] de 'Romeinske hearser' [[Syagrius]] by [[Soissons]], sadat hiel Noard-[[Galje]] binnen syn lân foel. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei [[Parys]] en makke dit ta sintrum fan syn macht. Yn [[507]] slagge hy deryn oer hiel Galje te hearskjen doe't hy de [[Fisigoaten]] fersloech yn de [[slach fan Fouillé]]. Yn de [[6e ieuiuw|6e]] oant de [[8e ieuiuw]] oermasteren de Franken ek de net troch de Romeinen besette [[Germanen|Germaanske lânstreken]] eastlik fan de Ryn en Donau, it tsjintwurdige [[Dutslân]], [[Eastenryk]] en [[Switserlân]].
 
[[Ofbyld:Frankenreich 768-811.jpg|right|thumb|300px]]