Tasitus (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 66:
 
== Stúdzje fan Tasitus ==
Troch de ieuweniuwen hinne hat der hiel wat stúdzje fan Tasitus plak fûn, almeast hearrende ta de [[heuristyk]], de metoadyske bestudearring fan 'e man sels en syn wurken. Tasitus syn boarnen foar de ''Agricola'' binne foar it grutste part út 'e earste hân en faak mûnling oerlevere. Foar syn ''Germania'' hawwe wierskynlik it ferlern giene ''Bella Germaniae'' fan [[Plinius de Aldere]] – dy't út persoanlike ûnderfining fertroud wie mei Germania – en fierders de ''[[Commentarii de Bello Gallico|Bello Gallico]]'' fan [[Julius Caesar]] en [[Titus Livius|Livius]] syn boek CIV tsjinne as boarnen.
 
Oer de ''Historiae'' en de ''Annales'', dêr't histoarikus P. Fabia it ''Einquellenprinzip'' op besocht hat ta te passen,<ref><span style="font-variant: small-caps;">Fabia, P.</span>, ''Les Sources de Tacite dans les Histoires et les Annales'', Parys, 1893.</ref> bestiet datoangeande noch gjin fêste konsensus. Men kin jin lykwols wol oan 'e hân fan 'e fyzje fan in soad moderne auteurs in byld foarmje oer hokker boarnen oft Tasitus der mooglik foar brûkt hat. Tasitus sels neamt û.o. [[Kluvius Rufus]], [[Fabius Rustikus]] en [[Plinius de Aldere]] (''Ann.'' XIII, 20), mar der binne mear: [[Aufidius Bassus]], [[Servilius Nonianus]], [[Ferginius Rufus]], ensfh.
Rigel 78:
* [[Fellejus Paterkulus]] (±[[19 f. Kr.]]-[[31]]) wie in soldaat ûnder it regear fan keizer Tibearius. Hy skreau in algemiene (mar beheinde) Romeinske skiednis oant 30 nei Kr., ien jier foar de fal fan Sejanus. Syn taal is net sa literêr as dy fan Tasitus, mar hy jout in positiver byld fan 'e ''[[princeps]]'' Tibearius, en is, oars as Tasitus, in kontemporêne tsjûge.
* [[Suëtoanius]] ([[69]]/[[70]]-[[140]]) wie in jongere tiidgenoat fan Tasitus. Syn tematysk opboude keizersbiografyen binne ôfmakke mei pittige anekdoates, mar it grutter gehiel ûntkomt him faak.
* [[Kassius Dio]] ([[155]]-nei [[229]]) wie in romanisearre [[Griken|Gryksk]] senator dy't mear as in ieuiuw letter de lêste algemiene Romeinske skiednis skreau, en dy trochrinne liet oant syn eigen tiid. Hy liket in ôfgryslike soad ynformaasje garre te hawwen, mar likegoed kin er net alles meidiele, om't in algiemene skiednis in soad skraswurk fereasket. Hy jout in neutraler byld fan 'e ''princeps'' Tibearius en liket ek positive boarnen oer de man rieplachte te hawwen.
Tasitus springt der lykwols út troch syn literêre wearde en syntetisearjende opbou. Hy wurdt noch faak beskôge as dé boarne foar it iere [[prinsipaat]], mar stiloan wurde de parallelboarnen ek mear wurdearre en beskôge as in wichtige oanfolling op Tasitus syn [[monografy]].