Brittanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 8:
 
[[Ofbyld:Romanbritain.jpg|thumbnail|left|Romeinsk Britannia mei de wichtichste diken en stêden]]
Healwei de [[3e ieuiuw]] waarden de measte stêden fan stiennen muorren en ferdedigingswurken foarsjoen. Utsein Londinium wienen de stêden oer it generaal net grut.
 
Yn [[306]] kaam Konstantius him wêrom nei Brittanje. Hy hie te krijen mei ynfallen en fersloech de [[Pikten]]. Mar dêrnei stoar hy hommels doe't hy yn [[York]] wie. Syn soan [[Konstantyn de Grutte|Konstantyn]] waard troch syn troepen as syn opfolger útroppen. Hjirnei folge in rite fan ynterne striid, wêryn't Konstantyn as keizer oerbleau.
 
Dizze perioade wie foar Brittanje in perioade fan grutte bloei, dy't ta it grutste part fan de 4e ieuiuw trochgean bliuwe soe. Der waard yn dizze periode in soad boud en op tal fan plakken ferskynden grutte partikuliere huzen.
 
Healwei it midden fan de ieuiuw waard de sitewaasje lykwols minder en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch [[Pikten]], [[Skotten]], [[Attakotty]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Franken]]. Dizze swiere oanfallen barden tusken [[364]] en [[367]] en wurde de ''barbaria conspiratio'' neamd. [[Theodosius de âldere]] (de heit fan de lettere keizer [[Theodosius I]] kaam yn [[368]] nei Brittanje mei in grut ekspedysjeleger om de oarder weromkomme te litten.
 
Yn [[383]] waard generaal [[Magnus Maksimus]] troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei [[Theodosius de âldere]] yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei [[Galje]] om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen weromgong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn [[388]] nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn [[398]] kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.