Gûne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
De '''gûne''' is in munt basearre op de ''gûne (gouden) floryn''.
 
[[Florâns]] begûn yn [[1252]] mei it slaan fan gouden munten, dy't nei de stêd ''florintyn'' of ''floryn'' neamd waarden. Troch de macht fan fan de stêd waard de gûne floryn om 1300 hinne oer gâns Jeropa brûkt. Doe't yn de rin fan de 14e ieuiuw ek oare steaten begûnen mei it slaan fan dy munten waard der faak sprutsen fan ''gûne'', om't it plak dêr't de munt weikaam net wichtich wie. Al bleau algemien ''fl'' de skreaune oantsjutting en dêrmei bleau op papier de namme ''floryn'' in synonym foar ''gûne''. Yn de 16e ieuiuw waard troch [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] besletten ek in sulveren "gûne", mei deselde waarde te slaan. Koarte tiid letter ferlear de munt lykwols syn grutte ynfloed troch de populêrens fan de [[daalder]].
 
De gûne hat yn alle gefallen sûnt de ein fan de 17e ieuiuw yn gebrûk west yn Nederlân. Yn dizze foarm hat de munt bestean oant yn de 20e ieuiuw. Mei it loslitten fan de [[gouden standert]] ûntstienen ferskate munten dy't elts ''gûne'' hieten, en ta ûnderskie mei it lân oantsjut wurde. Fierders hawwe parten fan it eardere [[Hillige Roomske Ryk]] nei 1700 in eigen ''gûne'' ynfierd. Dizze munten bestean lykwols net mear.
 
== Keninkryk fan de Nederlannen ==