Ferskil tusken ferzjes fan "Hunnen"

omstav.
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
(omstav.)
De '''Hunnen''' wie in federaasje fan nomadenfolken, dy't oarspronklik út [[Sintraal-Aazje]] kamen en yn de [[5e ieuiuw]] troch [[Jeropa]] lutsen. Sy binne foaral bekend wurden fanwege de grutte ferwoastings dy sy oanrjochten hawwe en harren grutte wredens.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Hunnen.jpg|right|thumb|400px|Ridende Hunnen, troch [[Johann Nepomuk Geiger]] ]]
De Hunnen waarden fanâlds sjoen as it folk dat ieuweniuwen foardat sy yn Jeropa ferskynden troch de Sinezen de [[Xiongnu]] (yn âlde transkripsjes ''Hsiung-nu'') neamd waarden en dy't it [[Sineeske Ryk]] bedrige hawwe.
 
Wierskynlik foarmen de Hunnen yn it begjin gjin homogene groep, mar wie in groep fan ferskate folken dy't allegearre deselde hearser hienen. De nammen fan in oantal hearskers binne bekend fan likernôch [[300 f. Kr.]] ôf en neffens de [[Sina|Sineeske]] skriften al sûnt [[1800 f. Kr.]]
 
=== De Swarte Hunnen ===
Yn [[352]] waarden sy troch de [[Hua]] ferdreaun en kaam in part fan de Hunnen de kant fan Jeropa út. Dizze Hunnen dy't de ''Swarte Hunnen'' neamd waarden, foelen Ruslân yn, wylst in oare groep, de saneamde ''Wite Hunnen'' it [[Perzen|Perzyske Ryk]] en Noard-[[Yndia|Ynje]] ynfoel wêr't sy koart in ryk stifte hawwe. Doe't de Wite Hunnen ferslein waarden, lutsen sy yn de [[6e ieuiuw]] ek nei Jeropa ta en waarden doe bekend as de [[Avaren]].
 
Yn [[376]] ferneatigen de Swarte Hunnen it Ryk fan de [[Ostrogoaten]] yn de [[Oekraïne]], wêrtroch't sy de macht yn hannen krigen oer de steppen fan East-Jeropa. Oare folken waarden troch harren ûnderwurpen of op de flecht dreaun. Dizze ferfarre folken oefenen in swiere druk út op de grinzen fan it [[Romeinske Ryk]] dy't hjirtroch ferswakken. Under druk fan de Hunnen besochten de [[Fisigoaten]] tastimming te krijen om harren yn it Romeinske ryk te fêstigjen.
17.653

bewurkings