Wilsterflappen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L Robot: ISBN opgemaakt
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
It '''Wilsterflappen''' is in fangmetoade werby mei help fan in net [[Wilster]]s fong wurde.
 
It wilsterflappen mei netten is al ieuweniuwen ald. Op in skilderij fan rûn 1600 is it wilsterflappen al te sjen, de fangynstallaasje is yn al dy jierren hast neat feroare. In net wurd ûnder spanning op de grûn dellein. De fanger sit efter in skoele en besiket mei fluitsjen de wilsters op it lân neist it net te krijen, wêr't ek in tal lokfûgels delset wurde. Mei in line kin dit net dan omflapt wurde wêrby de fûgels dy't neist it net sitte by it opfleanen út de loft wei skept wurde.
 
It Wilsterflappen, it fangen fan Wilsters mei in falnet, hat yn guon streken, yn Fryslân meast yn de [[Súdwesthoeke]], lang in berop en byferstjinste west. It waard hjir benammen dien omdat de trekrûte fan de noardlike -, de súdlike - en de lytse wilster oer it gebiet giet. De fûgels giene meast nei de lokale poelier. Yn 1979 is it ferbean, der waarden yn 1969 noch 37 lytse- of bysûndere jachtaktes útrikt. De wilsterflappers wienen sûnt 1909 feriene yn it Fryske Fûgelfangersbelang dat fêstige wie yn Ljouwert. O. Eenshuistra bestudearre omfang en skiednis fan it wilsterflappen en noatearre de fryske terminology yn ''Goudplevier en wilstervangst'' (1973).