Elemint (skiekunde): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 10:
De fjouwer-elemintelear fan Aristoteles hâlde lang stân. Earst [[Robert Boyle]] melde yn syn boek ''The Sceptical Chemyst'' út 1661 dat mei eksperiminten sjen litten wurde koe dat de fjouwer eleminten fan Aristoteles te ûntleedzjen binne yn oare stoffen. En dan wiene se dus gjin eleminten, dat wol sizze ‘basisboustoffen’. Yn net-wittenskiplike ferklearringen fan de wrâld wurdt Aristoteles syn lear fan de fjouwer eleminten noch altyd tapast.
Boyle definiearre in elemint as in stof dy’t net fierder ûntlede wurde koe yn oare stoffen. Hy wie tagelyk tige skeptysk oer de mooglikheid om te bepalen wat no úteinliks eleminten wiene, want miskien wiene der wol manieren om stoffen te ûntleedzjen dy’t hy noch net koe. Syn definysje fan in elemint waard lykwols oanhâlden oant it begjin fan de 20ste ieuiuw, doe’t de moderne atoomteory opkaam. Yn de didaktyk fan de skiekunde is Boyle syn definysje noch altyd tige brûkber, omdat de definysje op in natuerlike wize in brêge slacht tusken direkt waarnimbere ferskynsels en it abstrakte atoombegryp.
 
==== Boarne fan betizing ====