Wieringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
It lânskip fan Wieringen is net hielendal flak: it wurdt karakterisearre troch stowâlen fan [[balstienliem]], dy't yn de [[Saale-iistiid]] foarme binne. Sa om-ende-by 1200 is Wieringen in [[eilân]] wurden as gefolch fan opienfolgjende stoarmfloeden. De namme Wieringen hat neat mei (see)wier te krijen en is ôflaat fan it Aldfryske 'wîr' dat hichte betsjut.
 
De oarspronklike bewenners wienen [[Friezen]] dy't it hjir oant de [[13e ieuiuw]] foar it sizzen hienen. Sy waarden yn [[1284]] troch de Hollânske [[greve]] [[Floris V fan Hollân|Floaris V]] ferslein. Dizze greve oermastere it gebiet en de Fryske befolking waard troch him skatplichtich makke. Doe’t grutte stikken fan Noard-Hollân ûntgûn waarden, waard it belang fan it heger lizzende Wieringen minder.
 
Op [[31 july]] [[1924]] kaam der in ein oan it bestean as eilân doe’t it [[Amsteldjip]] mei in dyk ôfsluten waard fan de [[Waadsee]]. Op Wieringen wurdt dizze dyk de ''Koarte Ofslútdyk'' neamd. Yn [[1930]] kaam ek de eastlike Wieringermardyk klear en dêrmei waard it oanlizzende wetter [[polder]] de [[Wieringermar]]. De ôfsluting fan de [[Sudersee]] waard yn [[1932]] foltôge mei de echte [[Ofslútdyk]], dy't Wieringen mei de provinsje [[Fryslân]] ferbynt. Dizze dyk begjint by Den Oever.