Elektrofoanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
 
Rigel 4:
 
==Skiednis==
===Ein 19de, begjin 20ste ieuiuw===
Ferskate ynstruminten wurde neamd as ''earste'' elektroanysk ynstrumint, de wierheid is dat men al nei geraden de fyzje en definysje, hieltyd in oar ynstrumint oantsjutte kin. In wichtich ier elektroanysk ynstrumint wie it [[Teleharmoanium]] of [[Telharmoanium]], stal jûn troch [[Thaddeus Cahill]] yn [[1897]]. It brûken fan it Teleharmoanium waard troch in simpele reden opkeard: it ynstrumint wie sa'n sân ton en wie sa grut as in spoarwein. Yn [[1913]] ûntwurp de [[futurist]] [[Luigi Russolo]] elektroanyske masines. As ien fan de earste praktyske elektroanyske ynstruminten wurdt de [[Theremin]] neamd, útfûn troch profester [[Léon Theremin]] om [[1919]]-[[1920]] hinne. In oar ier elektroanysk ynstrumint wie it [[Ondes-Martenot]], dat ûnder oare troch [[Olivier Messiaen]] brûkt waard yn de ''[[Turangalîla-Symfony]]'', en ek troch oare, benammen Frânske, [[komponist]]en, lykas [[André Jolivet]].