Marius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 12:
As generaal soarge Marius foar yngripende feroarings yn it [[Romeinske leger]], ûnder oaren troch de ynfiering fan in beropsleger (dêr't ek plak wie foar de allerearmste boargers), it opnij besjen fan de opbou fan de legerienheden en it fergrutsjen fan de promoasjemooglikheden foar soldaten dy't har ûnderskiede fan oaren (foar dy tiid wie it regel dat ofsieren benammen beneamd waarden op basis fan harren polityke relaasjes).
 
De ynstelling fan in beropsleger soe der ta liede dat de soldaten foaral loyaal wurde soenen oan harren generaal ynstee fan de steat. Yn letter tiden hat dizze feroaring in krusiale rol spile yn de Romeinske skiednis. It soe der ta liede dat generaals harren politike aspiraasjes mei geweld besochten op te lizzen. De oankommende ieuiuw wie dan ek faak it toaniel fan oarloggen tusken Romeinen ûnderinoar.
 
Marius hat mei-inoar sân kear konsul west. Alhoewol't hy troch syn militêre súksessen populêr wie by it folk, wie hy dat net yn de polityk. Op 'e ein fan syn libben wie Marius in ferbittere man, dy't diktatoriale trekken fertoande. Hy ferstoarn yn de âldens fan 86 jier.