Tonger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 59 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q83301 (translate me)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 6:
Trochdat de fuortplantingssnelheden fan ljocht en lûd tige ferskillend binne, wurdt de bliksempylk op gruttere ôfstân earder sjoen as dat de tonger heard wurdt. Ut de tiid dy't ferstrykt tusken tonger en bliksem kin ôflaat wurde oft it ûnwaar (ek 'swier waar' neamd) tichtby is. It lûd leit yn trije [[sekonde]]n in ôfstân fan ûngefear ien [[kilometer]] ôf. Omdat lûd sa relatyf starich is en de bliksem soms kilometers lang, is net ien klap te hearren, mar efter elkoar it lûd fan hieltyd fierder fuort lizzende punten fan de bliksem. Dit ferklearret it rommeljen.
 
De tradisjonele manier om ûnwaar te registrearjen is it byhâlden fan it oantal oeren of dagen dat tonger heard wurdt. Al ieuwenlangiuwenlang is it wenst dat waarwaarnimmers it hearren fan tonger notearje. Sa is oer de hiele wrâld it jierliks oantal ûnwaarsdagen bekend. By 't tsjuster is de bliksem oer gruttere ôfstân te sjen as dat ûnwaar te hearren is, mar oerdei heart men de tonger earder, wylst de bliksem faak hielendal net waar te nimmen is mei in minsklik each.
 
Tonger as waarnimming foar it optreden foar de sterkte fan it ûnwaar is lykwols gjin betroubere maat. Guon bliksems meitsje mear lûd as oare en guon waarnimmers hearre skerper as oare. Steurend lûd fan bygelyks wyn kin op tonger lykje. In wichtige faktor is ek de lûdfuortplanting, dy 't ôf hinget fan de fertikale temperatueropbou en de wynsnelheid: men heart minder goed yn 'e wyn op.