Ferskil tusken ferzjes fan "Tromboane"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
omstav.
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
(omstav.)
It brûken fan de sopraantromboane is eins fan mear jongere datum, as oanfolling op it saneamde 'Posaunenchor'. De sopraninotromboane en de pikkolotromboane binne de eksoaten yn de famylje en wurde komselden brûkt. It wie in besykjen om de famylje fan de tromboanes út te wreidzjen nei in folslein 'koar', sa't dat al bestie by bygelyks de [[blokfluit]] en [[klarinet]]. De alttromboane wurdt hast allinnich brûkt yn Dútske symfoanyske en tsjerklike muzyk út dy tradysje. Foarbylden dêrfan binne de 'Rheinische' symfoany fan R. Schumann en it 'Requiem' fan W.A. Mozart. Nei sawat [[1900]] is foar dat ynstrumint in bitter lyts bytsje skreaun. De tenoartromboane is fierwei de meast brûkte fariant. Troch syn formaat is dit lid fan de tromboanefamylje it bêst te brûken. In earm fan in folwoeksene fan gewoan postuer hat krekt de nedige lingte foar de skúf fan dit ynstrumint. De bastromboane bestie oarspronklik allinnich as model yn de stimming F (inkeld Es). It ynstrumint is dêrtrch de helte langer as de tenoartromboane. Sadwaande is de skúf te lang om hielendal troch de minsklike earm betsjinne wurde te kinnen. In ferlingstik (pookje) waard dêrom oanbrocht. It hie eigenskip dat it ynstrumint dêrtroch net fuortendaalks handich te bespyljen wie. Nei it útfinen fan it fjilde fentyl is it ynstrumint stadichoan ferfongen troch in grutter boude fariant fan de tenoartromboane mei ien of twa fentilen. Dêrtroch waard it in fleksibele bastromboane mei de foardielen fan de tenoartromboane as it giet om hantearberens en de donkere klank fan de âlde bastromboane. Itselde is bard mei de kontrabastromboane. Yn oarsprong wie dat ynstrumint dûbeld sa lang as de tenoartromboane. Troch it tapassen fan de earder neamde fentilen wurdt it ynstrumint hjoed de dei allinnich noch boud as kontrabastromboane yn F mei tafoeging fan twa fentilen. Omdat de skúf dan noch hieltyd te lang is foar de earm fan de tromboanist wurdt der in ynkoarte skúf brûkt. Yn de lichte muzyk wurde allinnich de tenoar- en bastromboane brûkt. Yn de moderne symfoanyske orkesten wurdt meast in trijefâldige besetting brûkt dy't bestiet út twa tenoartromboanes en ien bastromboane. Dat jildt ek foar in [[brassband]]. Yn in symfoany-orkest wurdt hiel inkeld noch in alt- of kontrabastromboane brûkt.
 
Yn de hjoeddeistige tiid (2007) binne der trije skoallen fan tromboanebou: De Dútske, de Frânske en de Amerikaanske bou. De Dútske boustyl is in histoarysk gefolch fan de tromboane sa't dy begûn yn de 15de ieuiuw en is te werkennen oan de bekerkrâns (Schmetterkranz yn it Dútsk). Dy wurdt noch brûkt yn de grutte Dútske en Eastenrykske orkesten. Ek yn Nederlânske en Amerikaanske orkesten wurde datsoarte ynstruminten ek brûkt, al is it meast foar muzyk dy't by dy ynstruminten past, lykas yn de symfoanyen fan Anton Bruckner, Gustav Mahler en Robert Schuman. Yn de neamde Dútske orkesten wurde dy ynstruminten foar alle muzyksoarten brûkt. Hjir docht dan ek út bliken dat in tal orkesten harren klank oanpasse doare oan de muzyk en dat in tal orkesten krekt fêsthâlde wolle oan har tradisjonele eigen lûd. De muzikanten brûke gauris tromboanes dy't om [[1900]] hinne booud binne. Yn alle oare lannen fan de wrâld wurde hast allinnich tromboanes fan Amerikaanske bou brûkt. Dat is in boustyl dy't mear †ut de Frânske styl fuortkommen is en troch ynfloeden fan de [[jass]]. De Amerikaanske en Frânske tromboanes ha gjin bekerkrâns, mei om't de bekers út twa stikken besteane dy't oanelkoar laske binne foar't se oer de matrys útsmard wurde. Yn Frânske orkesten wurde ek wol Amerikaanske tromboanes brûkt, mar se besykje ek dêr om har nasjonale heldere klankstyl fêst te hâlden.
 
Njonken de (sko)tromboane is der ek in fentyltromboane mar dy wurdt hast net mear brûkt.
17.653

bewurkings