Widsith: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
 
==Datearring==
It gedicht is bewarre bleaun yn in manuskript út de [[10e ieuiuw]], it ''[[Ekseter Book]]''. It gedicht sels is wierskynlik út de [[6e ieuiuw]]. It is anonym en opboud sadat doe wenst wie mei [[alliteraasje|alliterearjende]] fersen, sûnder einrym.
 
==It ferhaal==
It gedicht giet oer Widsith (de namme betsjut 'fiere reis'), in omreizgjende minstreel. Hy skriuwt dat er by de ''Myrgings'' heard, in stam dy't allinnich yn it gedicht foarkomd, mar dy't mooglik buorlju wienen fan de [[Angelen]].
 
It gedicht befettet benammen in wiidwijdige rige fan hearskers, stammen, folken en helden út bot útienrinnende tiidrekken, dy't ferneamd wienen yn de Germaanske wrâld fan de [[6e ieuiuw]]. De skriuwer linet mei syn gedicht op de tradysje fan mûnlinge oerleverings. Der wurde folken neamd lykas de [[Goaten]], de Angelen, de [[Saksen (folk)|Saksen]], de [[Franken]], de [[Romeinen]] en de [[Friezen]] en figueren lykas [[Julius Caesar]] en [[Offa]], mar ek de Fryske kening [[Finn]] wurdt neamd.
 
It wie foaral de taak fan in minstreel om de heldedieden fan folken en benammen keningen te besjongen. It belang hjirfan wie tige grut en in sjonger koe dan ek rynsk beleanne wurde. Widsith beskriuwt yn it gedicht in oantal rike jeften dy't er krige en beslút mei de oertinkingen fan de omreizgjende minstreel dy't de lof 'sjongt fan eltsenien dy't him goed beleannet'.