De Leien (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
De mar is ûntstien troch [[feanterij]], en is dêrom op in soad plakke ûndjip. Troch de mar rint in soal fan [[De Pein]] nei [[Eastermar]] en nei [[Rottefalle]]. Oan de eastkant fan de mar is in strantsje mei horekagelegenheid en kemping.
 
It soal is begjin 21e ieuiuw útbaggere dat de histoaryske fartrijehoek [[De Pein]]-[[Rottefalle]]-[[Eastermar]] yn eare hersteld waard. Bûten it soal is De Leien mar in meter djip. Om de rekreaasje te befoarderjen binne trije eilantsjes oanlein dy't, troch in priisfraach yn [[2006]] harren nammen krigen ha: ''[[De Rôt]]'', nei in âld beurtskip dat eartiids tusken Ljouwert en Rottefalle fear, ''[[Reitsma's Pôle]]'', nei in âld-fiskersfamylje en ''[[De Baalder]]'' wat 'baggelder' betsjut as ferwizing de eardere [[feanterij]].
 
De mar is foar in grut part yn hannen fan [[Steatsboskbehear]]. Eartiids stie De Leien bekend as in natoergebiet dêr't ek in soad bysûndere fûgelkoloanjes wienen. Yn it ramt fan ûntwikkeling fan de Lits-Lauwersmarrûte wurdt de mar geskikter makke foar rekreaasje en toerisme. Hjir en dêr binne eilantsjes mei oanlisplakken makke. De farrûtes en tagonklikens binne ferbettere troch fargeulen oan te lizzen. De havens yn de omkriten fan De Leien wurden yn it ramt fan itselde projekt ek opknapt en ferbettere. Sa krijt [[De Tike]], oan aan de westkant fan De Leien, in lyts haventsje, en krijt [[Eastermar]] sels in folslein nij wettersportterrein mei in passantehaven mei 30 lisplakken. Yn [[De Pein]] binne ek nije oanlissteigers makke.