Karolingen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 53 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q133602
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
De '''Karolingen''' wienen in dynasty dy't oer it [[Frankyske Ryk]] regearde fan de [[8e ieuiuw|8e]] oant de [[10e ieuiuw]]. Sy namen de hearskippij oer fan de [[Merovingen]] yn [[751]], troch [[Pippyn de Koarte]]. De namme is ôflaat fan [[Karel Martel]] (dy't as bastertsoan) net as in folslein lid fan de [[Pippyniden]] sjoen wurdt.
 
Der wurdt sein dat de dynasty fan de Pippyniden stifte waard troch [[Arnulf fan Metz]], biskop fan [[Metz]] op de ein fan de [[7e ieuiuw]]. Dizze hie in protte macht yn it Merovingyske keninkryk. In neisiet fan him [[Pippyn II|Pippyn fan Herstal]], [[hofmeier]] fan it keninkryk [[Austraasje]], hie yn syn tiid de feitlike macht yn hannen. Pippyn waard, nei in opfolgingskriich troch erfgenamten, opfolge troch syn bastertsoan, [[Karel Martel]]. Dêrmei wûn de partij fan de Karolingen it fan de Pippyniden.
 
Karel Martel wie de heit fan Pippyn de Koarte, de earste Frankyske kening fan de dynasty, dy't de lêste Merovingyske kening [[Gilderik III]] ôfsette. Yn [[732]] makke hy in ein oan de opmars fan [[Moaren]] yn Súd-Jeropa troch it Moarske leger by [[Toers]] te ferslaan.