Normandje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Cycn (oerlis | bydragen)
+infoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 23:
De namme Normandje stamt fan de [[Wytsingen|Noarmannen]] ôf. Harren lieder [[Rollo]] krige yn [[911]] it hartochdom Normandje yn lien tawiisd fan de [[Frankyske ryk|Westfrankyske]] kening [[Karel de Ienfâldige]]. Dat wienen [[Germanen]] ôfkomstich út [[Skandinaavje]] dy't in Noard-Germaanske taal sprutsen. Lykwols wienen sy net grutsk yn tal dat inkeld in lytske boppelaach hearske oer de oarspronklike befolking fan Normandje, dat sûnt de tiid fan de [[Romeinen]] Romaansk-talich wienen. Binnen in pear generaasjes sprutsen alle neisieten fan de Noarmannen noch inkeld de taal fan de befolking dat letter oantsjutten wurde soe mei 'Normandysk'. In neisiet fan Rollo, [[Willem de Oermasterder]] oerweldige yn [[1066]] [[Ingelân]]. De Normandyske [[eallju]] dy't ek de nije toplaach fan Ingelân foarmje soenen, hawwe de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] taal mei harren eigen Normandyske dialekt lykwols djip beynfloede dat it moderne Ingelsk in soad Romaanske (Frânske) wurden kent. Nei de [[slach by Bouvines]] (1214) ferlear de Ingelske kening [[Jan sûnder Lân]] (dy't ek hartoch fan Normandje wie) it hartochdom oan de Frânske kening.
 
Omdat Ingelân fan Normandje út oermasterre wie, is Ingelân noch ieuweniuwen lang op papier in lien west fan de Frânske keningen, mar feitlik wie dêr neat fan te merken.
 
De Ingelsen soenen Normandje yn [[1346]], oan it begjin fan de [[Hûndertjierrige Oarloch]], nei de [[slach by Kresy]], en yn 1415, nei de [[slach by Azinkoert]] feroverje, om it yn de lêste desennia fan de kriich alhiel te ferliezen. De [[Kanaaleilannen]], dy't by Normandje hearden, soenen lykwols foarfêst by Ingelân bliuwe.