Rúgjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 20 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1253884
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rugii.PNG|thumb|right|300px|Kriten bewenne fan de Rugii: [[Rogalân]], [[Pommeren]] (sûnt 1e ieuiuw), Rugilân (5e ieuiuw); [[Rügen]] (net wis)]]
De '''Rúgjers''' wienen in [[Eastgermaanske folken|Eastgermaansk folk]] dat oarspronklik yn [[Noarwegen]] wenne, en letter yn in gebiet tusken de [[Oder]] en de [[Weichsel]]. Troch de [[Goaten]] waarden sy ferdreaun doe't dizze fan Skandinaavje kamen.
 
Rigel 5:
Neffens de iere boarnen wienen sy in âld en wiis folk en net tige kriichshaftich, wol hienen sy in goeie namme op it mêd fan metaalbewurkjen omdat sy beste swurden en wapens smije koenen.
 
De Rúgjers ferbleaunen in lang skoft yn [[Pommeren]], wêr't de namme fan it eilân [[Rügen]] noch hieltyd oan harren ferbliuw tinken docht. Yn it begjin fan de [[4e ieuiuw]] lutsen sy súdwerts en fêstigen har oan de bopperin fan de [[Tisza]] yn wat tsjintwurdich [[Hongarije]] is. Under de Hunnen wiene sy fazallen en dienen mei oan [[Attila]]'s kampanjes yn [[451]], mar nei dy syn dea kamen sy yn opstân en seagen kâns tusken [[480]] en [[482]] har master te meitsjen fan [[Vindelicia]] en it part fan [[Norikum]] (tsjintwurdich Eastenryk) dat oan de [[Donau]] lei. Under lieding fan [[Feva]] stiften sy dêr in eigen keninkryk.
 
De kening fan Itaalje [[Odoaker]] hie it net sa stean op dat keninkryk en liet twa strafekspedysjes tsjin de Rúgjers hâlde, beide kearen helle dat de oerwinning. Yn [[488]] soe lykwols harren ryk troch [[Odoaker]] ferneatige wurde. De Rúgjers sleaten har dêrop oan by de [[Ostrogoaten]]. Sy joegen stipe oan de Ostrogoatyske kening [[Diderik de Grutte]] doe't dizze yn [[489]] dwaande wie Itaalje te oermasterjen. Yn Itaalje foarmen sy in eigen legerûnderdiel en tegearre mei de Ostrogoten ferdwûnen sy út de skiednis nei de delgong fan de Ostrogoaten yn de twadde helte fan de [[6e ieuiuw]].
 
{{Germaanske folken}}