Ulrik Sirksena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red+kat
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 17:
'''Ulrik Sirksena''' of '''Ulrik I Sirksena''' ([[Norden]], om [[1408]] - [[Emden]], [[25 septimber|25]] of [[26 septimber]] [[1466]]) wie in soan fan de Eastfrysk haadling [[Enno Sirksena]] fan [[Norden]] en [[Greetsyl]] en dy syn frou Gela fan Manslagt.
 
Mei it betûfte belied fan syn heit Enno, dat mei de oerurving fan Norder Attena begûn wie en dêrmei de haadling fan Norden wurden wie, krige Ulrik in wichtich part fan it erfskip. Oer syn mem Gela, dochter fan Affo Beninga, haadling te [[Pilsum]] en [[Manslagt]], en Tiadeka Siartza fan [[Berum]], krige er ek noch it erfskip fan de ferneamde famylje [[Sirksena]]: Nei't de soan fan Gela fan it earste houlik, de haadling Liudward Sirksena ("Syrtza") yn Berum healwei de tritiger jierren fan de 15e ieuiuw sûnder neiteam stoarn wie, wie Gela en har nicht Frauwa Sirksena ("Sydzena") de iennigen erfnammen fan de Sirksena's fan [[Berum]].
 
Enno makke brûkme fan de gelegenheid en lit de soan út it earste houlik boaskje mei Fauwa. En hy gie fierder: Hy en Edzard namen de famyljenamme en dat wapen fan de frou oer, om it erfskip sichtber te meitsjen. Doe't Edzard en Frau yn [[1441]] sûnder neiteam tagelyk oan de [[pest]] stoaren, urf Ulrik ek it erfskip fan de Sirksena fan Berum. Hy krige ek de meast ferneamde famyljenamme foar himsels en syn neiteam.