Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Sûnt it begjin fan 'e [[kolonisaasje]] fan [[Noard-Amearika]] troch de [[Jeropa|Jeropeänen]] waard de Yndianen lân ûntnadere troch de kolonisten. Soks barde soms mei ynstimming fan beide partijen, troch it sluten fan in ferdrach, mar yn 'e regel waard de lânseigen befolking op 'e iene of oare manear twongen om syn lân op te jaan en te ferhúzjen. Al yn [[1658]] waard dêrby it earste reservaat stifte, mar oer it algemien wie der doedestiden earder sprake fan [[deportaasje]] nei de noch wylde gebieten yn it westen. Uteinlik, doe't ek it hiele [[Wylde Westen|westen]] kolonisearre rekke, besochten de Amerikanen en Kanadezen yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] om alle Yndianen op te bergjen yn reservaten. It reservaatlân wie ornaris it minste, ûnfruchtberste en ôfhandichste gebiet dat der wie, sadat hjoed de dei noch altyd de grutste reservaten te finen binne yn [[berchtme|berch]]- en [[woastyn]]gebieten.
 
Yn 'e reservaten wiene de Yndianen, fral yn 'e Feriene Steaten, yn 't earstoan folslein ôfhinklik fan 'e itensbedieling troch de oerheid. Yn 'e Feriene Steaten hie it [[Buro fan Yndiaanske Saken]], in ynstelling fan 'e federale oerheid dy't oprjochte wie yn [[1824]], sizzenskip oer de reservaten. Troch in protte ynkompetinsje en korrupsje binnen dat ynstitút brieken der yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde ieuiuw grutskalige [[hongersneed|hongersneden]] út ûnder de Yndianen.
 
Letter waard der in belied fan assimilaasje folge, wêrby't it de bedoeling wie dat de Yndianen úteinlik folslein opgean soene yn 'e Westerske, Amerikaanske kultuer, en dat de reservaten dan opheft wurde kinne soene. Hoewol't de measte Yndianen har oarspronklik tsjin 'e ferballing nei de reservaten ferset hiene, besochten harren neikommelingen yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] fûleindich de opheffing tsjin te kearen. De reden dêrfoar wie, dat de Yndianen tsjin dy tiid binnen de grinzen fan harren reservaten beskate rjochten bemachtige hiene, dy't se kwytreitsje soene as de reservaten opheft waarden. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieuiuw fûn der in weroplibbing fan 'e ûnderskate Yndiaanske kultueren plak, en doe waard it de Amerikaanske en Kanadeeske oerheden sa njonkelytsen dúdlik dat har assimilaasjebelied op 'e non rûn. Sûnt is men ta in positivere wurdearring fan 'e Yndiaanske identiteit kommen, wêrby't soms sels ophefte reservaten wer op 'e nij ynsteld wurde.
 
==Reservaten yn 'e Feriene Steaten==