Harlingerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L moat ferfryske wurde
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
Harlingerlân nimt in bysûnder plak yn de skiednis fan East-Fryslân yn. Yn de tiid fan de [[Sân seelannen|Fryske Seelannen]] wie de krite bekend ûnder de namme Herlogoa en hat it him fan de [[11e ieuiuw]] ôf út stikken fan de goaen [[Noardlân]] en [[Wangerlân]] opboud. Fan [[1237]] ôf komt it gebiet as politike namme foar, sûnt dy tiid waarden de bewenners fan dit gebiet ek belutsen yn de Fryske oarlochsfiering.
 
Neidat [[Sibet Attena]], de foaroanman fan it gebiet, yn de jierren [[1454]]-[[1455]] de hearskippen fan [[Easens]], [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Stedesdorf]] feriene hie, bewarre hy mei dizze lannen lange tiid nei it einigjen fan de [[Fryske Frijheid]] en it tiidperk fan de [[Haadlingen]] harren selsstannigens. Lange tiid gie dit goed en libben de lannen neist en mei inoar, mar nei ferrin fan tiid kamen der konflikten mei de famylje [[Sirksena]], de lânshearen fan [[East-Fryslân]]. Yn it bysûnder wienen Harlinger haadling [[Hero Omken]] en syn soan [[Balthasar fan Easens]] striidber.