Fryske Rie foar Heraldyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
 
Nei oanlieding fan it 'Flaggerapport' waard, op inisjatyf fan Klaas Sierksma, troch it bestjoer fan de [[Fryske Akademy]], ûnder de wjukken fan it 'Genealogysk Wurkferbân' yn maaie [[1956]] de 'Fryske Rie foar Heraldyk' oprjochte. Earste foarsitter waard drs. J. Visser en Sierksma waard sekretaris.
De rie bestiet út [[heraut]]en, dy't ferneamd binne nei de gebieten [[Westergoa]], [[Eastergoa]], [[Sânwâlden]], de Alve Stêden, [[It Bilt]], de Waadeilannen en Stellingwarf. Yn de midsieuwenmidsiuwen wienen de herauten yn tsjinst fan in keizer, kening of hartoch en hienen meardere funksjes. Hja wienen fertrouwensman, sletten yn opdracht ferdragen en organisearren toernoaien.
 
De Rie advisearret ek oer de foarmjouwing fan nije wapens foar oerheden, doarpen, famyljes en ferienings en/of makket ûntwerpen hjirfoar. Dizzen wurde yn it "Genealogysk Jierboek" publisearre, dat troch de "Fryske Akademy" útjûn wurdt. De Rie advisearret ek oer flaggen, flaggeprotokollen, wimpels, banieren en standerts. Fierders fersoarget de Rie (kleur)advizen oer wapens by (tsjerke)restauraasjes enfh.